Springe nei ynhâld

Oerlis:Inez Timmer

Page contents not supported in other languages.
Nij mêd
Ut Wikipedy
Lêste reäksje: 2 moannen lyn troch Inez Timmer

Goeje! Dit klopt niet helemaal. Groetnis, Inez Timmer

Goeie. It kin skoan wêze dat der flaters yn it artikel slûpt binne. Mar jo sille wat konkreter wêze moatte as jo wolle dat it ferbettere wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2019, 22.50 (CEST)Beäntwurdzje
Tafallich stuitsje ik op dit artikel. Mei grutte letters stiet der boppe dat der (foar in part) oan 'e betrouberens twifele wurdt. By it oerlis lês ik dat Inez Timmer skreaun hat dat it artikel net hielendal kloppet. Nei de fraach fan Ieneach fan 'e Esk bliuwt it fierder stil wat der net kloppet. Ik ha foar de aardichheid de neamde boarne trochlêzen en eins is it lemma in oersetting dêrfan. Nearne wykt de tekst ôf, dus mochten der flaters wêze, dan sitte dy yn 'e boarne. It is fansels rieden wat der neffens Inez Timmer net kloppet, mar it soe likegoed kinne dat hja op 'e diskografy doelde, dy't net folslein is. Mar soks makket it artikel net ûnbetrouber want dy pretinsje hat it net. Om't de sin 'dit klopt niet helemaal' ús riede lit en neat dúdlik makket, pleitsje ik der foar om it berjocht twifel no mar te ferwiderjen.--RomkeHoekstra (oerlis) 14 sep 2024, 11.01 (CEST)Beäntwurdzje
@RomkeHoekstra, Drewes, en Kneppelfreed: Prima, wat my betreft: helje mar fuort. It is fansels ek mar tige de fraach oft boppesteande berjocht wol echt troch Inez Timmer skreaun is. Eltse willekeurige anonime grapmakker soe it wol skreaun hawwe kind. Foar it gefal dàt besykje je wat foarsichtich te reägearjen, mar de twifel bliuwt. As der binnen, wat is it no, fiif jier? fierder gjin reäksje mear kommen is, kin ik my der fierder net mear drok om meitsje. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 sep 2024, 15.52 (CEST) --Kneppelfreed (oerlis) 14 sep 2024, 18.28 (CEST)Beäntwurdzje
Ik bin it echt hear. Aline Jeannette Timmer, roepnaam Inez, berne op 25 maart 1955. Jo meie dit berjocht ferwiderje. Of ris mei my ris om'e tafel sitten gean en sjen hoe't dit better kin. My makket it net út. Mei golle groetnis, Inez Timmer. www.theaterineziatief.nl Inez Timmer (oerlis) 7 sep 2025, 11.16 (CEST)Beäntwurdzje

Inez Timmer

[boarne bewurkje]

Goeje, der sitte spitigernôch wat flaterkes yn myn side. Mei wa kin ik dit ferbetterje? Groetnis, Inez Timmer Inez Timmer (oerlis) 2 sep 2025, 11.35 (CEST)Beäntwurdzje

Goeiemiddei, @Inez Timmer Kinne jo oanjaan wat der net doocht? en ha jo (it leafst) digitale boarnen dêr't wy de oanpassingen ferifiearje kinne? FreyaSport (oerlis) 2 sep 2025, 12.55 (CEST)Beäntwurdzje
"Inez Timmer (Dedemsfeart, 1954) is in Nederlânsk sjongster út Dedemsfeart. Har earste optredens wienen yn it kafee by har thús yn Dedemsvaart. Yn har jeugd learde se trompetspyljen en op har fyftjinde wie se lieder yn har eigen groep".
Ik bin berne yn 1955, yn Dedemsvaart. Mar doe't ik 4 jier wie binne we ferhúze nei Bûtenpost. Wy hiene gjin café en ik haw nee trompet spyle. Mei 16 song ik yn Skyline, mar ik wie net de Lieder fan dy band.
1993-1994 Ik snij de ui totdat jij huilt Stichting Hellevoet Theater???
Gjin idee wat dit is, ik haw der net yn spile. Ik stjoer jimme graach in complete cv ta. Is der in mailadres?
De discografy is ek net kompleet. Mei ik dat ek noch oanfolje?
Mei golle groetnis, Inez Inez Timmer (oerlis) 2 sep 2025, 13.15 (CEST)Beäntwurdzje
Goeie @Inez Timmer As der gjin digitale boarne is, en it is echt net krekt dan wit ik ien goede oplossing. Ik helje dat stikje tekst der tusken út. Better dat it der net stiet, dan dat der eat wat stiet dat net krekt is. FreyaSport (oerlis) 2 sep 2025, 13.18 (CEST)Beäntwurdzje
Ik bin op 25 maart 1955 berne yn Dedemsvaart. Dat klopt. Inez Timmer (oerlis) 2 sep 2025, 13.19 (CEST)Beäntwurdzje
Ik stjoer jo graach myn cv op. Sjoch eventueel ek www.theaterineziatief.nl Inez Timmer (oerlis) 2 sep 2025, 13.21 (CEST)Beäntwurdzje