Oerlis:Hilligerlee

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

@Drewes, Kneppelfreed, RomkeHoekstra, en Wutsje: We hawwe al de Slach by Hilligerlee. Dus we moatte Heiligerlee omneame ta Hilligerlee of de Slach by Hilligerlee omneame nei Slach by Heiligerlee, ien fan beiden. Ik sjoch dat iksels jierren lyn de slach syn hjoeddeistige namme jûn haw. Ik wit net mear wêrom; dat sil my doe wol better talike hawwe, tink. Op dit stuit haw ik net mear in beskate foarkar foar it iene of it oare. Wat fine de oare meidoggers dat de namme wurde moat? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 1 jul 2020, 18.20 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik kin sa gau de side net fine dêr't we besprutsen hiene hokker plaknammen te ferfryskjen of net. Ik miende dat Heiligerlee /Hilligerlee der net by stie. Dus ik tink mar fan Heiligerlee en Slach by Heiligerlee Kneppelfreed (oerlis) 1 jul 2020, 19.41 (CEST)[beäntwurdzje]
'Hilligerlee' is histoarysk beskôge wat foar te sezen, sjoch nammeferklearring by nl:Heiligerlee. Lykwols bin ik der dochs op tsjin. Wy skriuwe nammentlik 2020. Fan Piterboarch oant Wliksibama bin ik poer op tsjin. Dat: huplakee Heiligerlee. Drewes (oerlis) 1 jul 2020, 20.29 (CEST)[beäntwurdzje]
Neffens dy nammeferklearring soe de Fryske nammen dan eins Hilligerlie of Hilligerlo wêze moatte. Mar goed ik bliuw mar by Heiligerlee Kneppelfreed (oerlis) 1 jul 2020, 21.49 (CEST)[beäntwurdzje]
Dit is sa te sjen de earste kear dat Hilligerlee op dizze wiki oan 'e oarder komt (kepp). Dy namme moat yn it artikel op syn minst neamd wurde. Hillegerlee is âld, waard blykber al brûkt doe't yn de Ommelannen noch Frysk sprutsen waard, wie iuwenlang ek de Nederlânske namme (kepp, kepp) en dûkte yn 1930 noch yn in Fryske krante op (kepp). Wutsje 2 jul 2020, 01.45 (CEST)[beäntwurdzje]
Heiligerlee stie net op de list fan plaknammen, mar ik ha gjin beswier tsjin Hilligerlee. It soe my net fernuverje dat in soad Friezen it plak sa ek neame. Mar Heiligerlee is my ek goed.--RomkeHoekstra (oerlis) 2 jul 2020, 08.19 (CEST)[beäntwurdzje]

Goedei meidoggers. Dus der binne twa foar Heiligerlee en trije fine allebeide wol goed mar tusken de sinnen troch lês ik dat der suver in bytsje in foarkar foar Hilligerlee is. At jim it goed fine dan feroarje ik it yn Hilligerlee want dat skynt dus al de Fryske namme dêrfoar te wêzen en waard (wurdt?) ek wol brûkt en ta einbeslút we binne hjir de Fryske Wikipedy. En trouwens nl fertikt it ek en brûk de offisjele Fryske nammen. Kneppelfreed (oerlis) 2 jul 2020, 20.29 (CEST)[beäntwurdzje]

Dêr haw ik gjin beswier tsjin. Ik fyn it fral swier weagjen dat it al yn 1930 yn in skreaune Fryske boarne brûkt waard. Dan is it dúdlik in besteande nammefoarm en gjin eigen betinksel fan 'e Wikipedy. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 jul 2020, 23.05 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik kaam ek noch E.S. de Jong syn Fan stientiid ont stentiid út 1949 tsjin (kepp), in Frysk skiednisboekje foar skoalle, leargong en selsstúdzje. Ek hy neamt it plak Hilligerlee. Wutsje 3 jul 2020, 02.43 (CEST)[beäntwurdzje]