Oerlis:Hendrik-Ido-Ambacht
Appearance
@Drewes, Kneppelfreed, en RomkeHoekstra: Meidoggers, dit is in nije ferfryske plaknamme dy't net yn ús list stiet, en dêr't we okkerjiers ek net oer stimd hawwe. Wat fine jimme, moat dit sa stean bliuwe en dochs noch yn 'e list opnommen wurde, of moat it "Hendrik-Ido-Ambacht" wurde? Persoanlik kin ik my wol yn dizze ferfrysking fine, mar de Hollânske namme haw ik ek net folle beswier tsjin. It is nammers net in plak dat in protte yn Frysktalige teksten neamd wurdt. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 apr 2022, 21.20 (CEST)
@FreyaSport: Nim my net kwea-ôf, FreyaSport. Ik bin jo hjirboppe by de 'ping' fergetten. Dat wie in fersin. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 5 apr 2022, 21.49 (CEST)
- Om my mei it wol sa stean bliuwe. As it omneamd wurdt, kin ik der ek wol mei libje. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 5 apr 2022, 21.31 (CEST)
- Ik ha efkes sjoen, nei it tal keppelingen dat nei dizze ferfryske namme liedt, en it oantal dat oan de Nederlânske namme keppele sit. Dat binne der noch net in hiel protte dat omneamen soe yn op dit stuit noch net in protte wurk wêze en wannear't in troch ús ferfryske namme earder ferfrjemdzjend wurket. Mar dizze ferfryske ferzje steurt my net, dat it mei om my sa bliuwe. FreyaSport (oerlis) 5 apr 2022, 22.00 (CEST)
- @Ieneach fan 'e Esk, Drewes, Kneppelfreed, Frou Watzema, Anoniem-NOF, FreyaSport, en Ranbovw: Persoanlik haw ik der neat op tsjin en eins ha'k leaver in Fryske namme. Mar dit foarmet ûnderdiel fan de lange diskusje wannear't wy plaknammen bûten Fryslân in Fryske namme jouwe. Wy hawwe in list fêstlein mei nammen fan Fryske plakken bûten Fryslan; it tal besteande keppelings wie dêrby neffens net fan belang. Foar oare plakken (sûnder boarne) soene wy de offisjele namme brûke. Okkerdeis ha wy foar Noard-Hollân bepraat hoe't wy dêr mei Fryske nammen omgeane, omreden dat er yn dat gefal in boarne mei Fryske nammen fûn waard. Wy hawwe it lang om let op in kompromis holden om elts mei te krijen. Begryp my goed, ik ha fierder neat op Hindrik-Ido-Ambacht (of is it Ydo-Ambacht) tsjin en wat my oanbelanget mei it sa bliuwe, mar it binne betinksels dy't by my opkomme om tefoarren te kommen dat wy by eltse namme wer nije diskusjes krije. Ik sjoch ûnder it artikel fan Hindrik-Ido-Ambacht ek nammen lykas Hellefuotslûs en Hardinksfjild-Gyssendaam en wat fine wy dêr dan fan? Tink ek oan Appingedaam, dat Appingedam waard. En is it Leiderdoarp of Leierdoarp? En werom Zuidplas en net Súdplasse? Dat soarte diskusjes. Ek foar minsken dy't hjir skielk skriuwe moat it noch te begripen wêze hoe't wy mei de Fryske plaknammen bûten Fryslân omgien binne/omgeane. Dêrom pleitsje ik foar de offisjele namme, wylst yn de tekst dan oergien wurde kin op in Fryske foarm (leafst mei boarne), net oarsom lykas yn it gefal fan Hindrik-Ido-Ambacht. Sjoch yn dit gefal ek Medemblik (gemeente).--RomkeHoekstra (oerlis) 6 apr 2022, 09.48 (CEST)
- Ik bin it mei RomkeHoekstra iens: de offisjele namme en de Fyske namme, mei boarnefernijing, tusken (). Dat soarte diskusjes, ik ha der skjin myn nocht fan. Drewes (oerlis) 6 apr 2022, 17.08 (CEST)
- Romke hat in goed punt. Om my kinne we it wol omneame. Kneppelfreed (oerlis) 6 apr 2022, 19.38 (CEST)
- @Drewes, Kneppelfreed, RomkeHoekstra, en FreyaSport: Yn dit spesifike gefal binne de measten foar omneamen en net ien hat dêr wêzentlik beswier tsjin. Dus ik neam de side om. Ik begryp fierders út 'e reäksjes dat it tenei net wer nedich is om oer te gean ta oerlis as der him in selde soarte gefal foardocht. Dan neame we it daliks om. Dêr kin ik my skoan yn fine, mar it is moai dat we dat no even dúdlik hawwe. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 7 apr 2022, 01.21 (CEST)