Springe nei ynhâld

Oerlis:Gintsiaanblaujurkje

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Yn it Wurdboek stiet de plant Gintsiaan net, likemin as de Gintsiaanblaujurkje, wol de plant Gentiaan. Wierskynlik is dit in staveringsfout. Soe dit net feroare wurde moatte yn Gentiaanblaujurkje? Groetnis,Swarte Kees 13.51, 3 des 2006 (CET)

Op de side fan it fryske Gea stiet dat de flinter Gintsiaanblaujurkje hjit. Op sich wat frjemd omdat de namme fan de blom wer de rûp fan fret, yn it frysk skiepeklokje is. Ik tink derom de fertizing. Jelle 20.25, 3 des 2006 (CET)

In annonym hat de foto fuorthelle. Ik haw hjir gjin ferstân fan. Wo ien ris nei sjen?--Geoffrey 8 jan 2008, 12.10 (CET)[beäntwurdzje]

Dat wie in foto fan de ferkearde flintersoarte. Mar op commons binne gjin foto's fan Maculinea alcon, útsein fan aaitsjes. Dy passe net sa yn dy ynformaasjedoase, dat dan mar gjin foto? Mysha

Der hat yn 2006 diskusje west oer de namme west fan dit flinterke. Ik kom hjir tafallich om't ik mei Sânhuzen (Weststellingwerf) dwaande bin en yn dy himrik in natoergebiet leit mei de lêste populaasje fan it flinterke. Neffens de nammelist fan flinters op side 173 yn it boek "Dagvlinders in Fryslân" (ISBN 90 330 1118 2) is de namme Gintsiaanblaujurkje (dus net Gensiaan-), de namme dus dy't Jelle ynearsten brûkte. Graach jimme miening of wy dit no dochs omneame moatte nei Gintsiaanblaujurkje--RomkeHoekstra (oerlis) 11 jul 2023, 09.23 (CEST)[beäntwurdzje]

Der binne twa boekjes fan deiflinters en nachtflinters útjûn troch it Fryske gea, mei de Fryske en Nederlânske nammen. miskien dat immen dizze boekjes lizzen hat en dermei útslútsel oer de namme jaan kin. FreyaSport (oerlis) 11 jul 2023, 10.28 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra, ja as dat de Fryske namme is, dan graach omneame. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 11 jul 2023, 22.21 (CEST)[beäntwurdzje]
@FreyaSport:: Eefkes foar jo ynformaasje: it boek Dagvlinders in Fryslân is û.o. yn gearwurking mei it Fryske Gea en de provinsje Fryslân ta stân kommen.
@RomkeHoekstra: Deiflinters en Libellen fan Sake P. Roodbergen is de útjefte fan it Fryske Gea dêr't FreyaSport hjirboppe nei ferwiist. Dêryn stiet yndie gintsiaanblaujurkje (s. 69). Mar ja, sjoch, it probleem is: de namme is in ôflieding fan 'e namme fan 'e plant dy't, foar de dúdlikheid yn it Nederlânsk, de gentiaan hjit. Franke en Van der Ploeg jouwe dêrfoar yn harren List fan Fryske Plantenammen (in útjefte fan 'e Fryske Akademy) gensiaan (s. 34). Yn it Frysk Hânwurdboek, ek fan 'e FA, stiet gensiaan (s. 593) en gjin gintsiaan, yn it âldere Frysk Wurdboek (Frysk-Nederlânsk) stiet gentiaan (s. 331) en net ien fan beide oare foarmen. Dat is de reden dat ik dizze side yn 2017 omneamd haw ta "gensiaanblaujurkje". Mysels kin it it measte net skele, mar it liket derop dat de ekspêrs it der net oer iens binne hoe't it wurd skreaun wurde moat. Mei't der in goede boarne foar is dy't it sa skriuwt, meie jo de side om my weromsette nei "gintsiaanblaujurkje", salang't de skriuwwize "gensiaanblaujurkje" dan mar as synonym yn 'e ynlieding neamd wurdt. Oars liket it hast wol as hawwe wy it oer twa ferskillende bistkes. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 12 jul 2023, 00.24 (CEST)[beäntwurdzje]