Oerlis:Foarne oan See
Appearance
Sifers en sa
[boarne bewurkje]Rju achte @Fleith2, ik seach dat jo de sifers feroare hawwe, wêr hawwe jo dy wei, want dy binne wol oars as dy op de Nederlânsktalige wikipedy oanjûn steane. Kneppelfreed (oerlis) 16 jan 2023, 19.46 (CET)
- De gegevens fan de trije eardere gemeenten binne optele. Fleith2 (oerlis) 16 jan 2023, 20.05 (CET)
- Okee, goed genôch dan. Dan is it in riedsel wêr't nl syn sifers weihelle hat. Kneppelfreed (oerlis) 16 jan 2023, 21.26 (CET)
Foarne oan See of Voorne aan Zee
[boarne bewurkje]Op de list plaknammen bûten Fryslân komt Foarne oan See net foar. Ek Westfoarne/Foarne-Putten/Foarne net, wol Eastfoarne. As it de bedoeling is dat alle plakken mei Voorne ferfryske wurde kinne, dan graach dy ek op de list fan Frysktalige plaknammen bûten Fryslân sette.--RomkeHoekstra (oerlis) 21 jan 2023, 21.20 (CET)
- Ja, mar Foarne oan See is gjin plak. It is in gemeente, en op dy list steane no ienris allinne mar plaknammen. Gemeenten yn Grinslân wêrfan't de nammen wol ferfryske wurde, lykas It Westerkertier en It Hegelân, steane ek net op dy list. De namme Foarne oan See is ôflaat fan in earder eilân, Foarne, dat noch bestiet as in diel fan it moderne "eilân" Foarne-Putten. It soe apart wêze om dy gemeentenamme dan yn it Nederlânsk te hâlden. Itselde jildt foar Westfoarne, dat ek allinnich mar in gemeente wie en net in plak. It is dêrom logysk dat Foarne oan See/Westfoarne/Foarne-Putten net op in list mei plaknammen steane.
- Dat wol trouwens net sizze dat ik der beswier tsjin haw as jo se graach dochs op dy list hawwe wolle. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 21 jan 2023, 23.01 (CET)
- Ah, dúdlik genôch. Ik ha net fierder sjoen as myn noas lang is en toch dat der wer in ferfryske plak by kaam.--RomkeHoekstra (oerlis) 22 jan 2023, 08.22 (CET)