Springe nei ynhâld

Oerlis:Charkov

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Charkov of Charkiv

[boarne bewurkje]

@Drewes, Kneppelfreed, RomkeHoekstra, en FreyaSport: Dizze side waard niiskrekt troch in bûtensteander mei in meidoggersnamme yn Syrillysk skrift omneamd fan Charkov nei Charkiv. Dat fûn ik net sa fatsoenlik. Ik bedoel, ik gean ek net nei de Oekraynske Wikipedy en begjin dêr siden om te neamen. Soks kinne je earst wolris oerlizze, tinkt my. Dat ik haw it earst mar ris weromset. Wat fine jimme? Moat dizze side omneamd wurde ta Charkiv? Of moat it sa bliuwe sa't it is? Iksels, sis ik der daliks mar by, haw eins gjin foarkar foar ien fan beide foarmen. Charkov is Russysk, mar miskien wat bekender, wylst Charkiv Oekraynsk en offisjeel is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 16 jul 2023, 18.00 (CEST)[beäntwurdzje]

Charkiv op 1, Charkov op 2. Drewes (oerlis) 16 jul 2023, 18.34 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik fyn alliteraasje sa wie sa in dreech ferhaal. Dat ik hâld my bûten dizze diskusje. FreyaSport (oerlis) 16 jul 2023, 20.54 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik fyn it ek ûnfatsoenlik om by in oar yn 'e nammen om te griemen. It is spitich dat it omneamen sûnder oerlis gien is en persoanlik fyn ik dat wy sokke aksjes net beleane moatte. Charkov is boppedat by ús ynboargere, dus dat pleit net foar Charkiv (ek al is it ferskil mar ien letter). Dêrnjonken rûkt dit wat nei de diskusje oer "Oekraïne en De Oekraïne" (ek in diskusje dy't dêr wei komt en fan oare talen in oanpassing easket). Wat as aansens in Russysktalige Oekraïner in Frysk lemma oer Voldymyr oanpast yn Volodimir? Of - ik oerdriuw no mar wat - in Grinslanner De Grinzer Pein feroare yn Opende. Om koart te kriemen: wy bepale hjir sels wol as wy wat omneame wolle en om sokke aksjes te ûntmoedigjen soe ik de boel ynearsten litte sa't dy no is. --RomkeHoekstra (oerlis) 16 jul 2023, 21.42 (CEST)[beäntwurdzje]
Ik slút my by @RomkeHoekstra oan. Dit slút oan by de oangeande diskuskjes wat fierder by ús ynboargere is, lykas by Oekraïne/De Oekraïne en Allahabad/Praygraj. Ik tink ek dat Charkov it meast ynboargere is en dus bin ik ek foar Charkov, dêr't fierders by neamd wurde kin dat Charkiv de Oekraynske namme is, itjinge al it gefal wie. Kneppelfreed (oerlis) 17 jul 2023, 01.06 (CEST)[beäntwurdzje]
As ik boppesteande reäksjes even ferienfâldigje mei, tel ik twa stimmen foar Charkov, ien stim foar Charkiv en twa ûnthâldings. Dan litte we it earst sa't it is. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jul 2023, 01.39 (CEST)[beäntwurdzje]
Dit giet al in tiidsje sa, ek op oare projekten, sjoch hjir. Ik haw ek it mier oan pov pushers en ek om my bliuwt it Charkov, mar wichtiger is fansels: wat sizze Frysktalige boarnen? Dat is noch net sa ienfâldich te sizzen, mar by de Omrop is de stân op dit stuit Charkov 9 - Charkiv 4. Wutsje 17 jul 2023, 03.13 (CEST)[beäntwurdzje]
@Wutsje: Tankjowol foar jo bydrage oan dizze diskusje. De ynfo oer it gebrûk fan 'e nammen troch de Omrop sterket ús, sa liket my, yn ús beslút om it foarearst mar by Charkov te hâlden. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 17 jul 2023, 11.50 (CEST)[beäntwurdzje]