Springe nei ynhâld

Oerlis:Almelo

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Ynwennertal en oerflakte

[boarne bewurkje]

@Kneppelfreed, It liket der op dat it ynwennertal en oerflakte fan de stêd Almelo op ien bulte goait is mei de gemeente Almelo, wylst de gemeente Almelo grutter is as alline de stêd Almelo. En de stêd Almelo nea likfolle ynwenners ha kin as de gemeente, dat soe betsjutte dat der nimmen yn de doarpen Aadorp, Bornerbroek en Mariaparochie wenje. Datselde jild foar de Oerflakte de oerflakte fan de gemeente is grutter dan de stêd. FreyaSport (oerlis) 5 mai 2024, 10.44 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie, @FreyaSport, ik hie dy gegevens fan Alle Cijfers fan "Woonplaats Almere". Op dy webside sizze se dat se de gegevens fan it CBS hawwe. Nei alle gedacten hawwe se de ynwenners fan de hiele gemeente ûnder it wenplak beflapt. Ik haw op de CBS side sjoen en dêr de wiken fan Almelo byinoar optelt sûnder Aadorp en Bornerbroek. Mariaparochie stie dêr net yn. Dat falt faaks neffens it CBS ûnder ien fan de buerten fan wenplak Almelo. En even oer it CBS, dy brûkt gauris oare yndielings as de gemeenten sels. By Ljouwert bygelyks falt de buert Blitsaerd, dy't part fan it wenplak Ljouwert is, ûnder de wyk Dokkumer Ie e.o. dêr't ek de doarpen Lekkum, Miedeum en Snakkerbuorren ûnder falt. En de doarpen Himpens en Tearns falle dan wer ûnder de wyk Suderbuorren, wylst dat noch aparte doarpen binne, mar folslein troch Ljouwert omjûn binne. As we de ynwenners fan de wenplakken sekuer hawwe wolle, dan moat dêr dus rekkening mei holden wurde. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 5 mai 2024, 22.17 (CEST)[beäntwurdzje]