Bornerbroek
Bornerbroek | ||
Katolike tsjerke (2006) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Almelo | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.045 (2024)[1] | |
Oerflak | 15,58 km² dêrfan lân: 14,99 km² dêrfan wetter: 0,59 km² | |
Befolkingsticht. | 131 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N741 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 18' NB, 6° 39' EL | |
Kaart | ||
Bornerbroek (Nedersaksysk: Boornerbrook) is in doarp yn de Twintske gemeente Almelo yn de provinsje Oerisel. It doarp hat 2.045 ynwenners (2024). Bornerbroek makke oant 2001 diel út fan de gemeente Borne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al yn de midsiuwen wurdt al melding makke fan it gebiet Bi(e) den Broecke. Lykas it suffiks -broek oanjout, hat hjir yn eardere tiden in moeras lein. Ek de hjir oanwêzige fjildnammen, lykas De Mors (hjoed-de-dei in wyk yn Bornerbroek), wize dêrop. Yn 'e lette midsiuwen wie Bornerbroek in oantsjutting foar in pear pleatsen byinoar.
Yn 'e 16e iuw wie Bornerbroek in selsstannige marke binnen it skoutamt Borne, neist de oare marken Zenderen en Hertme. Troch de iuwen hinne bestie der hieltyd ûnienichheid oer de skoutamtsgrinzen tusken Almelo en Borne. Ek de grins mei de marke Zenderen wie net helder; Bie den Brooke waard gauris ta de marke Zenderen rekkene.
Nei it opheffing fan de marken yn de 19e iuw bleau Bornerbroek agrarysk oriïntearre. In echte doarpskearn op de krusing fan de dyk fan Borne nei Enter mei de dyk fan Almelo nei Delden ûntstie pas yn de rin fan de 19e en 20e iuw.
It earste tsjerkegebou, dat boud waard om it begjin fan de 19e iuw hinne, waard yn 1834 mei in subsydzje fan Rykswettersteat ferboud ta Wettersteatstsjerke. De hjoeddeistige katolike Sint-Stephanustsjerke waard boud yn 1856 en yn 1919-1920 yngripend ferboud troch Alexander Kropholler. It tsjerkegebou hat hjoed-de-dei status fan Ryksmonumint.
Lizzing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Eastlik fan Bornerbroek leit it doarp Borne, Bornerbroek leit benoarden fan Delden en westlik fan Enter. Bornerbroek is troch N741 ferbûn oan Almelo en Delden.
-
Loftfoto fan Bornerbroek (2005)
-
Bornerbroekse Waterleiding (2007)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Almelo | ||
---|---|---|
Stêd: Almelo | ||
Doarpen: Aadorp • Bornerbroek • Mariaparochie (foar in part) | ||
Buorskippen: Bavinkel • Deldenerbroek (foar in part) • Tusveld | ||
Wetter: Hollandergraven • Leemslagenplas • Weezebeek | ||
· · |