Springe nei ynhâld

Oerlis:Alde Riid

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy

Kloppet dit wol? De 'Ouwe Rij' is in eardere 'slenk', dat (neffens it Frysk Wurdboek) yn it Frysk ryd, riid, slinge of rie(d) is. Soe it dan net Alde Riid of soksawat wêze moatte? RomkeHoekstra (oerlis) 29 jul 2023, 12.13 (CEST)[beäntwurdzje]

De Bosatlas van Friesland hat as alternative Nederlânske namme Oude Rijd, dat Alde Riid of soksawat liket logysk. Soe it wêze kinne dat de pleatslike befolking de feart 'Aldrij' neamd? Drewes (oerlis) 29 jul 2023, 16.44 (CEST)[beäntwurdzje]
Yn it Biltsk (en dus lokaal) is it "Ouwe Rij" (dat is neffens my ek de offisjele namme). Wat neffens my net kin is dat wy it Fryske wurd "Ald" oan it Biltske wurd "rij" plakke. Ik bin foarstanner foar it brûken fan in Fryske fariant. Dus Alde Riid, Alde Ryd of Alde Rie(d). --RomkeHoekstra (oerlis) 29 jul 2023, 22.20 (CEST)[beäntwurdzje]
@Kneppelfreed:@Ieneach fan 'e Esk:@FreyaSport:: Ha jim der ek noch wat ta te foegjen? Oars neam ik dit om.--RomkeHoekstra (oerlis) 31 jul 2023, 11.37 (CEST)[beäntwurdzje]
De Fryske ferzje Alde Riid earst en dan de offisjele Bildske ferzje Ouwe Rij' FreyaSport (oerlis) 31 jul 2023, 11.46 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ik bin it mei jo riddenearring iens. Neam mar om. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 31 jul 2023, 21.03 (CEST)[beäntwurdzje]
@RomkeHoekstra: Ik bedoelde eins de Frysktalige befolking yn dy krite. Drewes (oerlis) 31 jul 2023, 17.11 (CEST)[beäntwurdzje]
Tank allegear foar jim bydrage. Ik ha de side omneamd.--RomkeHoekstra (oerlis) 31 jul 2023, 21.57 (CEST)[beäntwurdzje]
Okee, it is al útiten, dus hoech ik dêr neat oan ta te foegjen. Kneppelfreed (oerlis) 1 aug 2023, 01.16 (CEST)[beäntwurdzje]