Oegekleastermole

Ut Wikipedy

De Oegekleastermole is in poldermole en ryksmonumint inkele hûnderten meters súdwestlik fan it doarp Hartwert, yn de gemeente Wûnseradiel.

Beskriuwing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Oegekleastermole yn desimber 2008

De Oegekleastermole, in spinnekopmole, waard foar 1830 boud foar it bemeallen fan de 90 pûnsmiet (± 33 ha) grutte polder Hartwerd-West, dy't eartiids de Polder Knol neamd waard. De eardere eigeners, de bruorren Knol, ferkochten de mole yn 1981 oan de Vereniging De Hollandsche Molen, dy't him yn 1986 restaurearje liet. Yn 1988 kaam hy yn it besit fan de Stifting De Fryske Mole. In jier letter ferlear de mole syn funksje as haadbemealler fan de polder. Hy is lykwols op frijwillige basis noch geregeldwei yn wurking. Hy is ien fan fjouwer spinnekopmoles yn Fryslân mei in achtkante ûndertoer. Om te foarkommen dat de mole by swiere stoarm omwaait, is it ûnderhûs derfan ferswierre mei in pear grutte balstiennen. De Oegekleastermole hat in flecht fan 9,10 meter en is op ôfspraak te besichtigjen.

Yn 2006 waard de mole troch it Wetterskip Fryslân oanwiisd as reservegemaal yn gefal fan wetteroerlêst.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]