Springe nei ynhâld

Oct-Opus

Ut Wikipedy
Oct-opus
band
Oct-opus yn 2010 Truus (lofts) en Maaike (rjochts)
Oct-opus yn 2010 Truus (lofts) en Maaike (rjochts)
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjenre Klassiek,
Klezmer
Ierske muzyk
bestean 2004 - Status ûnbekend
leden
Maaike de Vlas
Truus de Vries

Oct-Opus is in muzykduo dat bestiet út Maaike de Vlas (1979) en Truus de Vries (1986), beide tein yn Tytsjerk.

Maaike de Vlas en Truus de Vries spylje tegearre sûnt 2004 en hawwe harsels de namme Oct-Opus jûn. Maaike is ôfstudearre biolooch en wurket as ûndersykster. Truus is yn 2009 ôfstudearre yn de Kommunikaasjewittenskippen en is op 't stuit mei it lêste jier fan de stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan 'e gong. Se ha muzyk dus beide net as berop keazen, mar it is wol in tige grutte hobby. Se ha wyls mear as 50 optredens hân, dy't foaral yn Fryslân plakfûn hawwe. De gelegenheden fariearje fan tsjerketsjinsten ta jierdeisfeesten en jubilea; sa hawwe se yn 2007 by it jierfeest fan de Fryske Akademy spile en yn jannewaris 2010 sille se by it jubileum fan de KFFB spylje.

Oct-Opus spilet licht-klassike muzyk, mar ek musical- en filmmuzyk, Ierske muzyk en Klezmer (Joadske muzyk). Dêrneist hawwe se in oantal komposysjes en arranzjeminten skreaun. Se besykje om sawol yn de muzyksjenres as yn it ynstrumintarium sa mearsidich mooglik te wêzen. Dat stribjen hawwe se ek yn har namme ferwurke: in oktopus is ommers in bist mei in protte earmen. Yn 2008 hawwe se in cd Van alles wat gearstald. De eigen komposysjes binne meastentiids foar tsjerke-oargel (al of net mei dwersfluit) en foar piano. De styl is faak modern, mar dochs tagonklik foar it gruttere publyk.

Ynstrumintarium

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maaike en Truus bespylje de ynstruminten:

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]