Novospasski-kleaster

Ut Wikipedy
Novospasski-kleaster
Новоспасский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
plak Moskou
koördinaten 55° 43' N 37° 39' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1490
opheffing 1918
weriepening 1991
Ynformaasje bou
boujier Gebouwen 17e-18e iuw
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 771420830580006
Webside
Novospassky-kleaster
Kaart
Novospasski-kleaster (Moskou)
Novospasski-kleaster

It Novospasski-kleaster (Russysk: Новоспасский монастырь; it Nije Ferlosserkleaster) is in Russysk-otterdoks kleaster yn it súdeastslike diel fan Moskou. It kleaster wie eartiids ûnderdiel fan 'e kleasterring dy't de stêd tsjin fijannelike oanfallen ferdigenje moast. It kleaster wie eartiids ferneamd fanwegen de nauwe bannen mei de Romanov's. Alhoewol't it kleaster yn 1490 stifte waard, stamme de hjoeddeiske gebouwen fan it kleaster út de 17e oant 18e iuw.

Stifting en skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Nije Ferlosserkleaster waard yn 1490 stifte troch Ivan III. De bewenners fan it kleaster wiene ôfkomstich út it troch Ivan I fan Moskou yn 1330 stifte âlde Ferlosserkleaster yn it kremlyn. De katedraal fan dat âlde Ferlosserkleaster, ien fan 'e earste stiennen gebouwen fan Moskou, moast op 1 maaie 1933 plak meitsje foar de bou fan in nij kantoargebou en waard doe sloopt. De earste stiennen katedraal fan it Nije Ferlosserkleaster waard yn 1494 boud. Ut dy begjintiid binne gjin gebouwen bewarre bleaun.

Yn 1571 en 1591 wist it kleaster mei in noch houten sitadel meardere oanfallen fan 'e Krimtataren te kearen.[1]. Al gau kaam it kleaster yn 'e geunst fan 'e Sjeremetev- en Romanovbojaren, dy't it kleaster brûkten foar it begraven fan harren famyljeleden. Doe't Michael Romanov yn 1612 tsaar waard, waarden de âlde gebouwen fan it kleaster ferfongen troch nijbou. It hjoeddeiske oansjen fan it kleaster en de fêstingwurken datearje út dy tiid. De lettere patriarch Nikon wie fan 1646 oant en mei 1649 argimandryt fan it kleaster.

It kleaster yn 1912.

It kleaster waard yn 1812 troch de Frânsen plondere en letter ûnder de bolsjewiken nochris. Yn 1918 waard it kleaster sletten en noch itselde jier yn in finzenis feroare. Wichtige monuminten fan it kleaster mei in museale wearde waarden oerdroegen oan it Simonov Kleastermuseum. Yn 'e jierren 1920 waard ûnder lieding fan arsjitekt Sergej Rodionov in restauraasje fan 'e kleastergebouwen útfierd. Njonken finzenis die it kleaster ek tsjinst as weeshûs, meubelmakkerij en heropfiedingskamp foar alkoholferslaafden. It tsjerkhôf fan it kleaster waard yn 'e jierren 1927-1930 opheft en romme.

Sûnt 1935 hie de ekonomyske ôfdieling fan 'e NKVD (it Folkskommissariaat foar Ynlânske Saken) it behear oer it kleasterkompleks. Alle kleastergebouwen waarden yn dy tiid oanpast foar húsfêsting. De útsetting fan 'e bewenners begûn yn 1960 en yn 1968 waard besletten om it kompleks in museale funksje te jaan.

Jierrenlang fûn der in oerstadige restauraasje fan it kompleks plak. It wie it doel om yn 'e katedraal in ynstitút foar restauraasjes ûnder te bringen. Oant de ein fan 1990 stie der op it grûngebiet fan it kleaster noch in grutte wurkplak op it terrein, doe't it beslút naam waard om it kleaster werom te jaan oan it Patriargaat fan Moskou.

Weroplibbing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It krús fan Sergej Aleksandrovitsj dat eartiids yn it kremlyn stie op it plak dêr't de grutfoarst fermoarde waard. Nei de revolúsje waard it krús dêr ferwidere, mar sûnt 2017 stiet ek yn it kremlyn wer in replika.

It ferfetsjen fan it monastike libben fan it kleaster begûn yn april 1991. Yn july fan itselde jier waard it bekende manljuskoar fan it Novospassky-kleaster oprjochte.

Grêf fan grutfoarst Sergej Aleksandrovitsj yn de Romanovkrypte.

Yn 1995 waard it omskot fan grutfoarst Sergej Aleksandrovitsj, dy't njoggentich jier earder troch de terrorist Ivan Kaljajev fermoarde wie, nei it kleaster brocht. Op it plak fan it kleaster waard in betinkingskrús oprjochte, in krektke rekonstruksje fan it monumint dat eartiids op it plak fan 'e moard yn it kremlyn stifte waard.

Patriarch Kirill konsekrearre yn febrewaris 2014 de 16 ton wegende Romanovklok, dy't getten waard om de yn 'e 20e iuw ferneatige histoaryske klok te ferfangen.

In wichtich barren yn 'e jongste skiednis fan it kleaster wie yn 2015, doe't in delegaasje fan 'e Gryksk-Otterdokse Tsjerke in skryn mei dêryn de earm fan Demetrius fan Thessaloniki nei it kleaster brocht om leauwenden dêr te ferearjen. Demetrius is de patroanhillige fan soldaten en it relyk waard yn it ramt fan it 70-jierrige jubileum fan 'e oerwinning op it faksisme nei Ruslân brocht.

Museum[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Museum fan it Novospasski-kleaster waard iepene doe't it tweintich-jierrich jubileum fan 'e revival fan it kleaster fierd waard. It museum is ûnderbrocht yn 'e krypte ûnder de kleasterkatedraal. De offisjele iepening fûn plak op 19 augustus 2011. Mear dan hûndert foarwurpen oer de skiednis fan it kleaster wurde útstalt. In diel fan it museum is wijd oan grutfoarst Sergej Aleksandrovitsj Romanov, dy't dêr byset is yn 'e grêfkelder fan 'e Romanov-bojaren. Ek binne der persoanlike besittings fan 'e grutfoarst te sjen.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Новоспасский монастырь