Northern

Ut Wikipedy

De northern (Ingelsk foar "noardlike" of "noarderske") is in sjenre fan literatuer, film, tillefyzje en oare media wêryn't ferhalen ferteld wurde út it noarden fan Noard-Amearika. Se spylje oer it algemien oan 'e ein fan 'e njoggentjinde of it begjin fan 'e tweintichste iuw, benammen yn it Yukonterritoarium of de Noardwestlike Territoaria fan Kanada, mar soms ek yn 'e Amerikaanske steat Alaska.

De northern wurdt ornaris beskôge as in subsjenre fan 'e western, mei it ferskil dat de haadpersoan faak in Mountie (in lid fan 'e Royal Canadian Mounted Police) is ynstee fan in sheriff of in marshal. Ynstee fan troch cowboys wurde northerns fierders befolke troch pelsjagers, keaplju, houtsjers, goudsikers, Yndianen en Eskimo's. Faak foarkommende settings binne de taiga, isolearre blokhutten en goudsikersstedsjes. Snie komt yn northerns sa'n protte foar dat se foarhinne ek wolris 'sniefilms' neamd waarden. Ferhalen oer hûnen foarmje in wichtich ûnderdiel fan 'e northern.

Ynternasjonale belangstelling foar it noardlike part fan Noard-Amearika waard oanfitere troch de Goudkoarts fan Klondike (1896-1899) en troch de wurken fan fiksje en non-fiksje dy't dêr neitiid oer makke waarden. Dat late yn 'e rin fan 'e 1910-er jierren ta it ûnstean fan 'e northern. De heechtijdagen fan it sjenre foelen yn it Ynterbellum, wêrnei't de populariteit fan 'e northern oan 'e ein fan 'e 1950-er jierren alhiel ynsakke. Nettsjinsteande dat wurde der noch altyd wol northerns makke.

Foarbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.