Springe nei ynhâld

Stony (folk)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Noardlike Stony (folk))
Stony
Stoney

Kening George VI en syn frou, keninginne Elizabeth, moetsje yn 1939 de opperhaden fan 'e Stony.
flagge

Súdlike Stony

Noardlike Stony
populaasje
oantal 7.900 (2013)
taal Stony (ek Ingelsk)
godstsjinst kristendom, natoerreligy
erkenning
steatsdragend folk gjin eigen steat
erkende minderheid Kanada
fersprieding
Kanada: 7.900

De Stony (Ingelsk: Stoney) of Nakoda binne in lânseigen Yndiaansk folk út westlik Kanada, mei in wengebiet dat him oarspronklik útstriek oer in grut part fan it wâldgebiet direkt benoarden de Grutte Flakten, en oant yn 'e Rocky Mountains. Hja kinne opdield wurde yn twa groepen, de Noardlike Stony of Wâld-Stony (Northern Stoney of Wood Stoney) en de Súdlike Stony of Berch-Stony (Southern Stoney of Mountain Stoney). Se sprekke foar in oansjenlik diel noch har eigen Sûaanske taal, dy't nau besibbe is oan it (Sioux). Der binne tsjintwurdich sa'n 7.900 Stony, frijwol allegear yn Kanada.

De namme Stoney (fan it Ingelske wurd stone, "stien") waard de Stony tabetocht troch blanke ûntdekkingsreizgers, fanwegen de technyk dy't se hiene om wetter oan 'e soad te bringen. Dat diene se ntl. troch stiennen yn in kampfjoer gleonhjit te meitsjen en dy dan yn in houten bak mei wetter lizzen, dêrby datselde proses werheljend oant it wetter sea. Dêroan ûntliene de nau besibbe Assiniboin (Assiniboine) harren namme ek, nammentlik fan it Odjibwe-wurd Asinii-bwaan, dat "Stienne-Sû" betsjut (in namme dy't dus ek harren sibskip mei de (Sioux) oantsjut).

Sels neame de Stony harren Nakóda (faak op 'e -manear stavere as Nakhóda). Om harren better fan 'e Assiniboin of Nakota te ûnderskieden, neame se harsels ek wol Îyârhe Nakóda (Súdlik Stony-dialekt) of Îyâxe Nakóda (Noardlik Stony-dialekt), beide kearen útsprutsen as [ĩ'jãħe na'kʰo:da], wat frij fertaald "stienfolk" betsjut (Nakóda betsjut letterlik "bûnsmaten", mar wurdt brûkt foar "minsken"). De Stony wurde inkeld ek wol oantsjut as Alberta-Assiniboin, ferwizend nei harren wenkrite yn 'e provinsje Alberta en harren nauwe sibskip oan 'e Assiniboin.

De Stoney Indian Pass, in pas yn 'e Rocky Mountains dy't nei de Stoney neamd is.

Hoewol't de Stony foarhinne wol oant yn 'e Kanadeeske provinsjes Britsk-Kolumbia en Saskatchewan en de Amerikaanske steat Montana omswalken, libje se tsjintwurdich yn twa frij behindige enklaves yn 'e Kanadeeske provinsje Alberta, dy't oerienkomme mei de beide folksdielen. De Noardlike Stony of Wâld-Stony (Ingelsk: Northern Stoney of Wood Stoney; Stony: Can Tonga Nakóda, útspr.: [ʧʰan 'tʰonɡa na'kʰo:da]) libje yn sintraal Alberta, yn 'e krite bewesten Edmonton, wylst de Súdlike Stony of Berch-Stony (Ingelsk: Southern Stoney of Mountain Stoney; Stony: Ye Rha Yabine Nakóda, útspr.: [je ħa ja'bine na'kʰo:da]) yn it suden fan Alberta, westlik en noardwestlik fan Calgary, tahâlde.

Der binne hjoed oan 'e dei fiif erkende Stony-stammen, allegear mei eigen reservaten. De trije Súdlike Stony-troepen binne feriene yn 'e Stony Nakoda Naasje (Stoney Nakoda Nation), wylst de Noardlike Stony fertsjintwurdige wurde troch de Alexis Nakota Sû Naasje (Alexis Nakota Sioux Nation) en de Paul Troep (Paul Band). (Sjoch foar in opsomming ûnder it kopke "Stamme-organisaasjes", leger op dizze side.) As men de ledetallen fan 'e dy stammen optelt, komt men út op in oantal fan krapoan 4.500 Súdlike Stony en 3.400 Noardlike Stony, wat it totaal op in etnyske groep fan 7.900 minsken bringt.

De Stony makken oarspronklik, krekt as harren neiste sibben, de Assiniboin, diel út fan it Westlike Dakota-folksdiel fan 'e , dêr't de Assiniboin har om 1640 hinne fan ôfspjalten. De Stony makken har op har beurt om 1744 hinne los fan 'e westlike troepen fan 'e Assiniboin. De ûnderferdieling yn Noardlike en Súdlike Stony datearret fan dêrnei, doe't der net folle kontakt mear wie tusken de beide groepen fanwegen harren ferskillende wengebiet.

Fan 1670 oant rûchwei 1850 hiene de Stony gedoente mei de Britske Hudsonbaaikompanjy en Noardwestlike Kompanjy, dy't doe yn hiele westlik Kanada (en teffens yn it noardwesten fan wat no de Feriene Steaten binne, de pelshannel behearsken. De Stony sleaten yn dy snuorje in duorjend ferbûn mei de westlike Wâld-Kry (Woods Cree), de noardlike Flakte-Kry (Plains Cree) en de Assiniboin. Harren tradisjonele fijannen wiene (fral foar de Súdlike Stony) fan âlds de Swartfuotten (Blackfeet) en dy harren bûnsgenoaten, de Sarsy (Sarcee), mar ek mei oare folken wiene der allegeduerigen skermutselingen. Soms waard der foar in hoart frede sletten, lykas by Sundre, yn 'e 1860-er jierren, tusken de Stony en de Swartfoetkonfederaasje, of yn 1895, tusken Súdlike Stony en de Kûtenai (Kutenai) en Sjuswap (Shuswap) út it binnenlân fan Britsk-Kolumbia.

It (oarspronklike) taalgebiet fan it Stony yn westlik Kanada.

Yn 'e njoggentjinde iuw begûn de wrâld foar de Stony fluch te feroarjen. De pelshannel belune meitiid ta neat, wylst de bizons troch blanke jagers frijwol útrûge waarden. Yn deselde snuorje kamen der almar mear kristlike misjonarissen dy't de tradisjonele leauwensoertsjûgings en -praktiken fan 'e Yndianen yn 'e kiif stelden. Fral it ferdwinen fan 'e bizon wie foar de measte Flakte-Yndiaanske folken in grutte klap. Foar de Stony, dy't gjin echte Flaktestam wiene, foel dat wat ta, mei't sy nea net folslein fan 'e bizonjacht ôfhinklik west hiene; njonken bizons bejagen se ek elanden, wapitys, harten en grouhoarnskiep, ieten se in protte fisk, en follen se harren menu oan mei bevers, muskusrotten en wylde planten.

Yn 1877 tekenen foaroanlju fan sawol de Noardlike as de Súdlike Stony-troepen ferdraggen mei fertsjintwurdigers fan 'e Britske Kroan. Yn ruil foar it oerdragen fan harren tradisjonele territoarium oan it koloniale regear fan Kanada krigen beide groepen doe reservaten tawiisd, wylst se fan dy tiid ôf teffens rekkenje koene op 'e útkearing fan jierjilden. Tusken 1890 en 1920 waarden de Stony "útsletten" fan it Nasjonaal Park Banff. Yn 2010 waarden se der offisjeel wer ta'n yn nûge.

In Stony-dûnskostúm.

It Stony, de lânseigen taal fan 'e Stony, is lid fan 'e gruttere Sûaanske taalfamylje. Mei it Assiniboin foarmet it de Assiniboin-Stony-groep binnen de Dakotaanske taalkloft. Hjoed de dei stiet de eigen taal swier ûnder druk fan it Ingelsk. Der binne twa ûnderling goed fersteanbere dialekten, it Noardlik Stony of Wâld-Stony, en it Súdlik Stony of Berch-Stony, dy't gearfalle mei de noardlike en súdlike folksdielen fan 'e Stony. Neffens gegevens fan 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 soene der doe 3.160 sprekkers fan it Stony west hawwe. Op in etnyske groep fan sa'n 7.900 minsken komt dat prosintueel sjoen del op 40,0% fan 'e minsken.

Stamme-organisaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
earste naasjes (stammen) yn Kanada
Stamme Etnyske groep(en) Provinsje Haadkertier Populaasje Opmerkings
Alexis Nakota Sû Naasje
Alexis Nakota Sioux Nation
Noardlike Stony Alberta Glenevis 1.800 alternative namme: Alexis First Nation
Stony Nakoda Naasje
Stoney Nakoda Nation
Súdlike Stony, Kry Alberta Morley 4.800 in ferbûn fan 3 lytsere stammen
   ● Bearspaw Earste Naasje
Bearspaw First Nation
Súdlike Stony Alberta Morley 1.700
   ● Chiniki Earste Naasje
Chiniki First Nation
Súdlike Stony Alberta Morley 1.600
   ● Wesley Earste Naasje
Wesley First Nation
Súdlike Stony, Kry Alberta Morley 1.500 wêrfan 1.200 Stony
Paul Earste Naasje
Paul First Nation
Noardlike Stony, Kry Alberta Wabamun 1.900 wêrfan 1.600 Stony; alternative nammen: Paul Band, Paul's Band

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.