Nikolo-Pesjnosjski kleaster

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Nikolo-Pesjnosjky kleaster)
Nikolo-Pesjnosjski kleaster
Николо-Пешношский монастырь
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Moskou (oblast)
Rajon Dmitrovski-rajon
plak Lûgovoj
koördinaten 56° 27' N 37° 13' E
Kleastergegevens
denominaasje Russysk-Otterdokse Tsjerke
oprjochting 1361
oprjochter Metodius
opheffing 1764, 1927/1928
weriepening 1766, 2007
Ynformaasje bou
monumintale status Federaal monumint
monumintnûmer 5010070000
Webside
Side fan it kleaster
Kaart
Nikolo-Pesjnosjski kleaster (Moskou)
Nikolo-Pesjnosjski kleaster
Lokaasje fan it kleaster yn 'e oblast Moskou.

It Nikolo-Pesjnosjski kleaster (Russysk: Николо-Пешношский монастырь; Nikolo-Pesjnosjski monastyr) is in otterdoks kleaster yn 'e delsetting Lûgovoj (Dmitrovski rajon) yn it noarden fan 'e oblast Moskou yn Ruslân. It is ien fan 'e âldste noch besteande kleasters yn 'e oblast en it waard yn 1361 stifte troch de hillige muonts Metodius († 1392), in learling fan Sergius fan Radonezj.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metodius wie ien fan 'e earste learlingen fan 'e hillige Sergius fan Radonezj, dy't noch altiten as ien fan 'e meast fereare hilligen yn Ruslân is. Metodius hie keazen foar it paad fan hearremyt en fûn foar himsels in plak om lykme allinne yn folsleine ôfsûndering fan 'e wrâld te libjen. Dat wie op it plak dêr't in rivierke yn 'e Jachroma útmûne, op sa'n 25 werst fan Dmitrov. Sergius fan Radonezj kaam regelmjittich by syn learling op besite en al gau rekke krige de muonts yn 'e omkriten bekend. Oaren, dy't ek it monastike libben sochten, begûnen har yn 'e buert fan Metodius te fêstigjen en yn 1391 waard Metodius de hegumen fan it kleaster. Hy ferstoar twa jier letter yn 1393.

Oersicht fan it kleaster yn de restauraasjetiid (2012).

Yn 'e 16e iuw waard it kleaster ryk en begûn it de houten gebouwen te ferfangen troch stiennen gebouwen. Lokale prinsen en ek tsaar Ivan IV begeunstigen it kleaster en droegen sa fierder by oan 'e ûntjouwing it kleaster. Yn 1584 waard it kleaster troffen troch in grutte brân, sa't de measte kleastergebouwen ôfbaarnden. Sânentweintich jier letter, yn 'e ûnrêstige tiid yn Ruslân, waard it kleaster op 'e nij troffen troch in ramp, doe't, nettsjinsteande fûl ferset, Poalske troepen it kleaster ynnamen en plonderen.

Doe't Peter I yn 1700 in boattocht makke fan 'e Wolga nei Moskou en oer de rivieren de Doebna, de Sestra en de Jachroma sile, brocht de tsaar ek in besite oan it kleaster. By dy gelegenheid klage de abt by de tsaar dat it lokale bestjoer en de boeren harren net in soad oanlutsen fan it kleaster, itjinge in ûnferwachts oardiel ta gefolch hie. Om it kleaster te beskermjen tsjin ûnrjocht liet Peter I it kleaster per dekreet ûnder de jurisdiksje fan it folle grutter en machtiger Trije-ienheid-kleaster falle. Der waard oer it grêf fan Metodius in nije, oan Sergius fan Radonezj wijde, tsjerke boud en it kleaster krige nije tuorren en in wei, mar it ferlies fan 'e selsstannigens hie benammen sûnt 1750 it gefolch dat it kleaster stadichoan yn it neigean rekke. It tal bewenners sakke en yn 1761 wiene der noch mar seis muontsen yn it hiele kleaster. De sekularisaasje fan 1764 brocht de deastek en it kleaster waard sletten. Lykwols, noch gjin twa jier letter waard it kleaster tanksij it krewearjen fan in pear keaplju en de lânhear al wer iepene en it kleaster makke op 'e nij in grutte bloei troch.

In nije ramp foar it kleaster drige yn 1812, doe't de troepen fan Napoleon it kleaster aaklik tichteby kamen. It kleaster waard foar in part ûntromme en weardefolle saken waarden gaueftich yn feiligens brocht, mar de lokaasje fan it kleaster yn 'e sompen soarge der foar dat de Frânsen it kleaster net benei doarsten te kommen en it mei rêst lieten.

Nei de revolúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste ramp yn 'e hiele skiednis fan it monastike libben fan it Nikolo-Pesjnosjki kleaster fûn plak yn de 20e iuw. Nei de revolúsje fan 1917 waarden in tal kleastergebouwen oerdroegen oan it Skiedkundich Museum fan Dmitrov. Yn 1927 (of 1928) folge de opheffing fan it kleaster, de tsjerken waarden fersegele en de weardefolle saken yn beslach nommen en ferkocht. It kleaster mocht gjin museum bliuwe en de gebouwen kamen yn hannen fan in organisaasje foar beheinde minsken.

It kleaster hie ek in soad te lijen yn 1941, doe't der net fier fan it eardere kleaster fochten waard en de gebouwen troch besjittings en bombardeminten fierder skansearren.

Mar it slimst foar de arsjitektuer fan 'e gebouwen barde yn 'e jierren 1960, doe't it kompleks troch in psycho-neurologysk ynternaat oernommen waard. Al yn 1975 wiene der útstellen om it ynternaat wer te ferhûzjen nei in oar plak, mar it soe noch desinnia lang yn 'e kleastermuorren bliuwe. Yn 'e jierren 1960-1970 fûnen der ek foar it earst wer wat restauraasjes fan inkelde ferfallen gebouwen plak.

Fan lofts nei rjochts de katedraal, de Sergiustsjerke en de Epifanytsjerke ûnder restauraasje yn 2007.

Revival fan it kleaster[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it werom jaan fan it kleaster oan de Russysk-Otterdokske Tsjerke sette in echte revival fan it kleaster útein. Yn 2007 waard troch de Hillige Synoade it beslút nommen om it kleaster wer te iepenjen. De Russysk-Otterdokse Tsjerke begûn de gebouwen wer te renovearjen en op 17 juny 2008 waard de Sergius fan Radonezjtsjerke as earste konsekrearre.

Yn desimber 2013 wie de nijbou foar it ynternaat foltôge en ferliet it ynstitút lang om let it kleasterterrein. Nei de restauraasje waard op 24 augustus 2014 it hiele gebiet fan it kleastererrein mei in feestlike tsjinst wer yn gebrûk nommen. In grut tal gasten en pylgers wennen de plechtichheid by.

Tsjerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In tsjinst yn 2007 yn it ramt fan 'e weriepening fan it kleaster yn 'e doe noch te restaurearjen Sergiustsjerke.

Op it terrein binne seis tsjerken [1]:

Nikolaaskatedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nikolaaskatedraal waard tsjin 'e ein fan 'e 15e en it begjin fan 'e 16e iuw boud. Yn 'e jierren 1680 waard der in feranda om hinne boud en krige de tsjerke in dak mei fiif koepels. Yn 'e jierren 1920 waard de tsjerke sletten foar de earetsjinst; yn 'e jierren 1964-1965 folge in restauraasje fan 'e tsjerke yn 'e foarmen fan 'e 16e iuw. Yn 'e tiid doe't it ynternaat gebrûk makke fan it kleasterterrein waard de tsjerke brûkt as ytseal. Nei de weromjefte waard de tsjerke renovearre en yn 2011 op 'e nij ynwijd.

Sergiustsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Sergiustsjerke datearret fan 1732 en waard op it plak fan in foargonger oer it grêf fan 'e muonts Metodius boud. Oant de jierren 1980 tsjinne de tsjerke as stookromte.

Demetriustsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Demetriustsjerke is in ienkoepelich gebou yn Empirestyl en waard tusken 1811 en 1829 boud. Yn 'e jierren 1920 waard de tsjerke sletten en brûkt foar húsfêsting. De tsjerke is restaurearre en op 8 augustus 2014 op ' nij ynwijd.

Epifanytsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Epifany- of Trijekeningentsjerke stamt út it begjin fan 'e 16e iuw en is op de earste ferdjipping fan 'e achthoekige klokketoer ûnderbrocht. Yn 'e jierren 1960 waard de toer renovearre en yn 2007 fûn nochris in renovaasje plak en waard de tsjerke op 'e nij ynrjochte foar de earetsjinst.

Transfiguraasjetsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Underdiel fan 'e westlike fersterking fan it kleaster foarmet de Transfiguraasjesjerke. De tsjerke is yn 1689 boppe de poarte boud. Yn 'e Sovjet-tiid waard de tsjerke bewenne, mar yn 2012 folge in restauraasje.

Presintaasjetsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Tsjerke fan de Presintaasje fan de Hear of Sretenskitsjerke stamt oarspronklik út de earste helte fan 'e 16e iuw, mar waard yn de jierren 1812-1815 op 'e nij opboud.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Николо-Пешношский монастырь