Springe nei ynhâld

Hegumen

Ut Wikipedy
Sint-Barlaam, de earste hegumen fan it Hoalekleaster fan Kiëv

De hegumen, hegumenos, igumen of ihumen (Russysk: игумен; Servysk: игуман of iguman; Gryksk: ἡγούμενος; Arabysk: القمص; Oekraynsk: ігумен; Roemeensk: egumen) is de titel foar it haad fan in kleaster fan de eastersk otterdokse-tsjerken of eastersk-katolike tsjerken. It wurd komt út it Gryksk (hēgoúmenos, ἡγούμενος) en betsjut: 'dejinge dy't de lieding hat'.

De hegumen stiet op deselde foet mei in abt of oerste yn de Roomsk-Katolike Tsjerke. It haad fan in kleaster foar monialen wurdt hegoumena of ihumenia (Russysk: игумения; Gryksk: ἡγουμένη; Servysk: игуманија of igumanija) neamd.

De titel waard oarspronklik brûkt foar it haad fan hokker kleaster ek. Nei 1874, doe't Russyske kleasters sekularisearre waarden en yn trije ferskate kategoryen ûnderbrocht waarden, waard de titel hegumen allinne foar de leechste klasse reservearre. It haad fan in kleaster fan de twadde klasse krige de status fan archimandryt.
In de Gryksk-Katolike Tsjerke wurdt it haad fan in tal kleasters yn in beskaat gebiet "protohegument" neamd.

De plichten fan in hegumen en archimandryt binne deselde, al wurdt de archimandryt weardiger achte. Yn de Russysk-Otterdokske Tsjerke wurdt de titel hegumen as in earetitel skonken oan eltse preestermuonts, ek al bestjoert dy gjin kleaster.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It artikel hegoumen fan de Nederlânsktalige Wikipedy