Nikolaastsjerke (Dwingelo)
Nikolaastsjerke
Nicolaaskerk | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Drinte | |
plak | Dwingelo | |
adres | Brink 29 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 15e iuw | |
boustyl | Gotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 14228 (tsjerke) [1] 14229 (toer) [2] | |
offisjele webside | ||
Herf. gemeente Diever-Dwingelo Nikolaastsjerke, Dwingelo |
De Nikolaastsjerke is in goatyske tsjerke fan de herfoarme PKN-gemeente yn Dwingelo yn de provinsje Drinte.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der waard altiten tocht dat de skiednis fan Dwingelo's tsjerke werom giet op de 15e iuw. By ûndersyk yn it ramt fan in ferbouwing die lykwols yn 2019 bliken dat de tsjerke âlder is as tocht. Dêr wize bygelyks de kleastermoppen yn it koer boppe de flier op, dy't 13e-iuwsk binne. Yn it earste fearn fan de 14e iuw waard foar it earst in toer oan de tsjerke boud. Ek de kapel fan it gebou is âlder dan tocht wie.[3]
De tsjerketoer is nei alle gedachten de âldste goatyske toer fan Drinte. Mooglik hat Johan die Werckmeister de arsjitekt west, oan wa't ek de tuorren fan de Stefanustsjerke yn Beilen, de Jakobustsjerke yn Rolde en de Marijetsjerke yn Ruinen taskreaun wurde, ek al is dat allegear net wis. De spits fan de toer stoartte yn de 17e iuw yn en waard ferfongen troch de hjoeddeiske toer mei in sipel as bekroaning. De kapel oan de noardlike kant fan de tsjerke hearde eartiids ta oan de bewenners fan de yn 1832 ôfbrutsen havezate.
By de yn in stookhok ûnstiene doarpsbrân fan 1923 waard de tsjerke slim troffen. De tsjerke baarnde folslein út, mar waard neitiid restaurearre ûnder lieding fan arsjitekt Jans Boelens.
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch de brân yn 1923 gyng it measte âlde tsjerkemeubilêr werom. De preekstoel datearret fan 1923-1925 en is fersierd mei fykwurk fan Roelfien Marissen en J. Bakker.
De tsjerke krige nei de brân by de restauraasje in nij houten tonferwulft mei blommotiven yn Art Deco-styl, mar it stiennen ferwulft fan it koer bleau bewarre. Nijsgjirrich binne de kraachstiennen yn it koer, dy't dekorearre binne mei heechweardich byldhouwurk fan Marije en de evangelisten. Fan in 17e-iuwsk oargel bleaune de lûken bewarre, dêr't Rutger van den Boetzelaer en syn frou Bathina van Lohn op ôfbylde wurde, dy't de bou fan it oargel mooglik makke hiene. Yn it koer is in sark foar de yn 1600 as bern ferstoarne Elisabeth van Echten.
By de restauraasje fan de tsjerke waard it pleisterwurk yn de tsjerke ferwidere. Yn dy tiid wie it moade om it keale mitselwurk foar it ljocht te heljen, sadat it ynterieur mear in midsiuwske karakter krige. Dêrmei gyngen ek mooglik noch oanwêzige fresko's ferlern.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In Van Oeckelenoargel út 1888 gyng by de brân fan 1923 ferlern. It hjoeddeiske oargel waard yn 1886 boud troch Jan van Gelder út Leien foar de Mennistetsjerke yn De Haach. De oargelkas is troch Klaas Stoffels ûntwurpen, dy't ek de Mennistetsjerke ûntwurp. Doe't de Mennistetsjerke modernisearre waard ferhûze J. Sloof it oargel nei Dwingelo. It oargel hat 17 registers, twa manualen en in oanhongen pedaal. In fasearre renovaasje troch Mense Ruiter waard yn 2010 ôfsletten.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|