Springe nei ynhâld

Jakobustsjerke (Rolde)

Ut Wikipedy
Jakobustsjerke
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Rolde
adresTsjerkebrink
koördinaten52°59' N 6°38' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipPKN
patroanhilligeKosmas en Damianus[1]
Arsjitektuer
boujier15e iuw
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer32698 [2]
Webside
PKN Rolde
Kaart
Jakobustsjerke (Drinte)
Jakobustsjerke

De Jakobustsjerke oan 'e Tsjerkebrink is in goatysk tsjerkegebou fan 'e PKN yn it Drintske doarp Rolde.

Al sûnt 900 hawwe der in tal houten tsjerken yn Rolde stien. In earste stiennen tsjerke waard om 1200 hinne in romaanske tsjerke boud, mar de hjoeddeiske goatyske tsjerke datearret fan 'e 15e iuw. De 52,75 meter hege toer waard it earst boud, nei alle gedachten troch Johan die Werckmeister, en dêrnei it skip mei it koer.

De tsjerke waard ek iuwenlang brûkt foar de rjochtspraak. It Rolderdingspel hie in wichtige posysje yn Drinte.

By in restauraasje yn 'e jierren 1960 is in Jakobsskelp op it plak fan in alter fûn. Dêrom waard oannommen dat Jakobus de patroanhillige fan 'e tsjerke wie. Otto Derk Jan Roemeling neamde lykwols Kosmas en Damianus as patroanhilligen fan 'e tsjerke. By deselde restauraasje waarden ek de triomfbôge en it stiennen ferwulft yn it koer rekonstruëarre, dy't yn 1845 weibrutsen wiene.

Preekstoel.

De preekstoel yn 'e tsjerke is 17e-iuwsk en waard troch Dirck Bijmholt makke. Ut deselde tiid datearje it offerblok en de nachtmielstafel. Opfallend binne de brânskildere ramen yn it koer, dy't by grutte restauraasje yn 'e jierren 1960 skonken binne troch de provinsje Drinte. De ramen binne makke troch glesker Joep Nicolas. Seis ramen binne wijd oan 'e dingspels fan Drinte. Yn 'e flier lizze 17e- en 18e-iuwske grêfsarken. Ek leit oan 'e noardlike kant fan it koer in fragmint fan 'e 12e-iuwsk lid fan in sarkofaach. It doopfont yn it koer liket in romaansk doopfont te wêzen, mar it is in replika út 2008 fan it 13-iuwske doopfont fan 'e Bonifatiustsjerke fan Vries. De earn oan 'e súdlike muorre fan it skip wie oarspronklik dekoraasje oan 'e oargelkas, en is by de restauraasje fan it oargel yn 1978-1981 ferwidere.

Yn 'e fitrine lizze in pear fragminten fan bylden út de roomske tiid, dy't yn in kûle op it tsjerkhôf werom fûn binne.

Oargel.

It oargel fan 'e tsjerke waard mooglik om 1820 boud troch Jacobus Armbrost út Haaksbergen. It is net bekend foar hokker tsjerke Armbrost it oargel oarspronklik boude. Yn 1847 waard it ynstrumint troch H.J. Langendijk, in ûnderoannimmer fan Petrus van Oeckelen, yn 'e tsjerke fan Rolde boud en op 28 novimber fan dat jier yn gebrûk nommen. It oargel is yn 'e rin fan 'e tiid ferskate kearen restaurearre en feroare.

Yn 'e jierren 2001-2002 sette Mense Ruiter in fasearre restauraasje fan it oargel útein, werby't it útgongspunt wie it oargel safolle mooglik yn 'e sitewaasje fan 1847 werom te bringen. Dy restauraasje waard yn 2012 foltôge. It twamanualige ynstrumint hat 23 registers ferdield oer haadwurk, boppewurk en pedaal.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: