Springe nei ynhâld

Marijetsjerke (Ruinen)

Ut Wikipedy
Marijetsjerke

Mariakerk

bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Ruinen
adres Brink 11
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 15e iuw
boustyl Gotyk
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 32969 (tsjerke) [1]
32970 (toer) [2]
offisjele webside
PKN-gemeente Ruinen

De protestantske Marijetsjerke oan de Brink is in goatysk tsjerkegebou út de 12e iuw yn it Drintske doarp Ruinen.

De Marijetsjerke waard oarspronklik om 1140 hinne boud en wijd oan Us-Leaffrou as ûnderdiel fan it alderearste kleaster yn Drinte, de benediktynske abdij fan Ruinen. Ynearsten wennen der allinne muontsen yn it kleaster, mar yn de rin fan de tiid waard it in dûbelkleaster en wennen der ek nonnen. Fanwegen de tanimmende drokte yn Ruinen waard besletten it kleaster te ferhûzjen nei De Wyk op it lângoed Dickninge. Tenei tsjinne de kleastertsjerke fan de abdij yn Ruinen as parochytsjerke foar it tsjerkefolk. Fan it doedestiidske romaanske kleaster is in oerwulfde romte ûnder de pastory bewarre bleaun.

Model fan de Marijetsjerke fan Ruinen

Yn de 14e iuw waard súdeastlik fan de tsjerke in oan Katarina wijde kapel oanboud. Tagelyk mei de bou fan in toer waard sûnt 1423 de oarspronklik romaanske tsjerke ferfongen troch in gebou mei in goatysk oansjen. Grutte dielen fan de muorren hawwe lykwols noch dowestien, it foar romaanske tsjerken karakteristike boumaterjaal.

Nei de reformaasje bleau de namme fan de tsjerke itselde. De 15e-iuwske toer hie ynearsten in spits, mar by in stoarm yn 1661 rekke de spits sa bot skeind, dat de toer letter in lantearne as bekroaning krige.

Nei de lêste restauraasje binne nei argeologysk ûndersyk de omtrekken fan it ôfbrutsen koer en de Katarinakapel en Marijekapel markearre. Ek is de omjouwing fan de tsjerke is opknapt en op it plak fan súdlike Katarinakapel stiet tsjintwurdich in model fan it eardere tsjerkegebou.

Yn de tsjerke stiet in iken preekstoel mei doophek út 1660. Yn de dooptún lizze noch in pear âlde grêfsarken. Fierders steane der fjouwer hearebanken yn de tsjerke út de 17e iuw. Ut de tiid fan foar de reformaasje is in fresko fan de Ferkundiging bewarre bleaun.

Yn de toer hingje twa klokken. Ien dêrfan datearret út 1496 en waard getten troch Geart fan Wou. De klok waard yn de 19e iuw kocht fan de Herfoarme tsjerke fan Noardwâlde. De twadde klok is in moderne klok, dy't yn 1960 in yn de Twadde Wrâldkriich foardere klok út 1737 ferfong.

It ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal yn in neogoatyske oargelkas datearret út 1901 en waard boud troch Jan Doornbos.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: