Springe nei ynhâld

Nije Bildtse Post

Ut Wikipedy
Nije Bildtse Post
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taalBiltsk, Frysk, Nederlânsk
sjenrehûs-oan-hûsblêd
frekwinsje1 × yn 'e moanne
bestean2021 - 2023
oprjochterPieter Jan Heidstra
plak haadred.De Westereen (Dantumadiel)
útjouwerHeidstra Media
oplaach8.000

De Nije Bildtse Post is in hûs-oan-hûsblêd yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân, dat yn 2021 ûntstie as opfolger fan 'e opdoekte krante de Bildtse Post. It krantsje ferskynde mids septimber fan dat jier foar de earste kear en waard yn in oplaach fan 8.000 eksimplaren ferspraat op It Bilt.[1]

Neffens oprjochter Pieter Jan Heidstra fan útjouwerij Heidstra Media út De Westereen hied er fan bedriuwen en partikulieren op It Bilt in protte entûsjaste reäksjes krigen oer syn inisjatyf om in ferfangend blêd te publisearjen doe't de Bildtse Post nei 85 jier ferdwûn. Hy kundige oan dat de nije krante mear djipte-ynterviews omfetsje soe, wylst de artikels skreaun wêze soene yn it Biltsk, Frysk of Nederlânsk.[1]

Yn septimber 2023 kaam der wer in ein oan it blêd: it koe finansjeel dochs net út.[2]

De Bildtse Post bestiet noch as webstek.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 Hilbrands, Myrddin, "Nije Bildtse Post" met vreugde ontvangen, yn: de Ljouwerter Krante, 15 septimber 2021, s. 26.
  2. https://www.omropfryslan.nl/nl/nieuws/1222258/het-doek-valt-voor-de-nije-bildtse-post-de-krant-kan-financieel-niet-uit