Springe nei ynhâld

Net Sûnder Myn Famke

Ut Wikipedy
Net Sûnder Myn Famke
algemiene gegevens
oarspr. titel Not Without My Daughter
auteur Betty Mahmoody
taal Ingelsk
foarm romantisearre autobiografy
1e publikaasje 1987, New York
oarspr. útjwr. St. Martin's Press
kodearring
ISBN 0 31 20 10 737
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Net Sûnder Myn Famke
publikaasje 1996, Ljouwert
útjouwer KFFB
oersetter Jan de Jong
ISBN oers. 9 07 49 18 085

Net Sûnder Myn Famke, yn it oarspronklike Ingelsk Not Without My Daughter, is in autobiografysk boek fan 'e Amerikaanske skriuwster en aktiviste Betty Mahmoody oer har libben yn en flech út Iraan. It waard foar it earst publisearre yn 1987. De Fryske oersetting fan Jan de Jong kaam út yn 1996.

Yn it boek docht Mahmoody ferslach fan har ûnderfinings út 'e jierren 1984-1986. Yn augustus 1984 reizge se mei har man, Sayed Bozorg Mahmoody, en harren dochterke Mahtob út har wenplak Alpena, yn 'e Amerikaanske steat Michigan, nei Iraan ta, it heitelân fan har man, foar wat in twawyks famyljebesyk hiet te wêzen. Mar nei't de twa wiken om wiene, fertelde har man har dat er fan doel wie en bliuw dêr; boppedat wegere er om Mahmoody of harren dochterke gean te litten. Sa kamen Mahmoody en Mahtob fêst te sitten yn in kultuer dy't Amerikanen neat te freonlik wie, by in famylje dy't fijannich foar har oer stie en mei in man dy't har mishannele. Neffens it boek hold har man har wikenlang by har dochter wei. Boppedat sloech er har en bedrige er har mei de dea foar it gefal dat se besykje soe út te naaien. Mahmoody hie dêr ferskate kânsen ta, mar wegere Mahtob efter te litten. Uteinlik wist Mahmoody dochs te ûntkommen, mei har dochterke, troch in goed 800 km lange tocht dwers troch Iraan hinne te ûndernimmen nei Turkije ta, wêrby't se holpen waard troch withoefolle gewoane Iraniërs.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Not Without My Daughter ferskynde yn 1996 ûnder de titel Net Sûnder Myn Famke by de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB) teLjouwert. De fertaler, Jan de Jong, hat syn oersetting lykwols frjemd genôch net basearre op it Ingelsktalige orizjineel, út 1987, mar op 'e Nederlânske fertaling dêrfan, In een Sluier Gevangen, fan oersetter Ronald Vlek.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.