Springe nei ynhâld

Najib Balala

Ut Wikipedy
Najib Balala
politikus
echte namme Najib Balala
nasjonaliteit Keniaansk
bertedatum 20 septimber 1967
berteplak Mombasa (Kenia)
etnisiteit Jemenitysk-Arabysk
Swahily
partij Republikeinske Kongrespartij
Keniaansk steatssiktaris fan Toerisme en Mynbou
amtsperioade 2013 – no
Keniaansk minister fan Toerisme
amtsperioade 20082012
opfolger Danson Mwazo Mwakulegwa
Keniaansk minister fan Nasjonaal Erfskip
amtsperioade junynovimber 2005
Keniaansk plakferf. minister fan Lânbou
amtsperioade jannewarisjuny 2003
Keniaansk minister fan Geslacht, Sport, Kultuer en Sosjale Saken
amtsperioade 20032004
lid fan it Keniaanske Parlemint
amtsperioade 20022013
boargemaster fan Mombasa
amtsperioade 19981999

Najib Balala (Arabysk skrift: بالعلا نجيب, sekuere transliteraasje: Najīb Balāla; Mombasa, 20 septimber 1967) is in Keniaansk politikus fan mingd Jemenitysk-Arabysk en Swahily etnysk komôf. Hy is de lieder fan 'e Republikeinske Kongrespartij fan Kenia (RC) en dêrmei sûnt 2008 in partner yn 'e Keniaanske regearingskoälysje. Balala hat boargemaster, parlemintslid en minister west en is anno 2016 de steatssiktaris fan Toerisme en Mynbou.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Balala waard yn 1967 berne yn 'e grutte Keniaanske havenstêd Mombasa, oan 'e kust fan 'e Yndyske Oseaan, yn in begoedige keapmansfermidden. Hy folge leger ûnderwiis oan 'e Serani Boys School, in jongesskoalle yn syn berteplak, om dêrnei de middelbere skoalle te trochrinnen oan Kakamega High School. Letter studearre er sakemanagement en ynternasjonaal stedsbestjoer oan 'e Universiteit fan Toronto, yn Kanada, en oan 'e John F. Kennedy School of Government, in ûnderdiel fan 'e prestizjeuze Universiteit fan Harvard, yn 'e Feriene Steaten.

Nei syn weromkear yn Kenia sette Balala syn eigen bedriuw op yn 'e toeristyske sektor, mar joech him nei ferrin fan tiid by de ûndernimming fan syn famylje yn 'e tee- en kofjehannel. Fan 1993 oant 1996 wied er siktaris fan it Swahili Cultural Centre yn Mombasa, en fan 1996 oant 1999 tsjinne er as foarsitter fan 'e Coast Tourist Association. Neitiid gie Balala de polityk yn, en wied er fan 1998 oant 1999 boargemaster fan Mombasa. Yn dy hoedanichheid wied er belutsen by de transformaasje fan syn bertestêd ta in ekonomysk sintrum fan belang, en troch syn fûleindige striid tsjin korrupsje wied er teffens ferantwurdlik foar in drastyske feroaring yn 'e wurkwize fan 'e pleatslike amtnerij.

Fan 2000 oant 2003 wie Balala foarsitter fan 'e Keamer fan Keaphannel te Mombasa, en op 27 desimber 2002 waard er yn it Keniaanske parlemint keazen as fertsjintwurdiger foar it kiesdistrikt Mvita. Neitiid tsjinne er fan jannewaris 2003 oant juny 2004 oardel jier lang as minister fan Geslacht, Sport, Kultuer en Sosjale Saken, wied er dêrnjonken fan jannewaris oant juny 2003 plakferfangend minister fan Lânbou, en ferfolle er fan juny oant novimber 2005 de funksje fan minister fan Nasjonaal Erfskip. Yn desimber 2007 waard Balala werkeazen as parlemintslid, wêrnei't er fan 2008 oant 2012 minister fan Toerisme wie yn it regear fan presidint Mwai Kibaki. Yn dyselde snuorje wied er fan 2011 oant 2012 ek lid fan 'e bestjoersrie fan 'e Wrâldhannelsorganisaasje (WTO) fan 'e Feriene Naasjes.

Nei't Balala yn 2012 syn posysje as minister fan Toerisme kwytrekke by in reorganisaasje fan it kabinet, rjochte er yn april fan dat jier de Republikeinske Kongrespartij fan Kenia (RC) op, dy't nei de ferkiezings fan 2013 in wichtige partner waard yn 'e saneamde Jubileumalliânsje fan 'e nije presidint Uhuru Kenyatta, yn 'e mande mei De Nasjonale Alliânsje (TNA) fan Kenyatta sels, de Feriene Republikeinske Partij (URP) fan William Samoei Ruto en de Nasjonale Reinbôgekoälysje (Narc) fan Charity Ngilu. Yn it nije regear krige Balala de post fan steatssiktaris fan Toerisme en Mynbou taparte, in funksje dy't er anno 2016 noch altyd útoefenet.

As steatssiktaris fan Mynbou loek Balala de fergunnings dy't troch it foargeande regear fan Mwai Kibaki ôfjûn wiene, wer yn. Dat hat ien bedriuw, Cortec Mining, derta brocht om him te beskuldigjen fan it easkjen fan in omkeapsom fan hast $1 miljoen om harren fergunning te fernijen. Der wurdt lykwols net folle leauwe hechte oan dy beskuldiging, mei't Balala krekt bekend stiet as ien fan 'e 'skjinste' politisy fan it lân. Troch de mynboufergunnings yn te lûken, hat er it monopoalje fan in pear grutte bedriuwen yn 'e mynbousektor fan Kenia trochbrutsen en it lân oantreklik makke foar ynvestearrings troch in grutter ferskaat oan mynbou-ûndernimmings.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.