Myn Berber

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Myn Berber
algemiene ynformaasje
taal Frysk
sjenre folksferske
skriuwer Douwe Tamminga
komponist ûnbekend (Skotske folkswize)

Myn Berber, ek wol bekend as Myn Berber Is Fier oer it Wetter, is Frysk folksferske. It is in oersetting fan it Skotske folksferske My Bonnie Lies over the Ocean, dat mooglik weromgiet op 'e Jakobityske Opstân fan 1745. Der binne ek oersettings yn ferskate oare Westjeropeeske talen, en it ferske is noch altyd tige populêr. It is, benammen yn it Ingelsk, ek ferskate kearen parodiëarre.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De titel My Bonnie Lies over the Ocean betsjut letterlik "Myn Tsjeppe [faam of feint] Is Oarekant de See". Hoewol't de oarsprong fan it orizjinele, Skotsktalige folksferske ûndúdlik is, wurdt faak oannommen dat it eins oer prins Karel Edwert Stuart giet, oftewol "Bonnie Prince Charlie". Dy kaam yn 1745 oer nei Skotlân, dêr't er de Heechlânske klans oansette ta in Jakobityske Opstân. De rebûlje waard úteinlik lykwols delslein, en Karel Edwert Stuart moast nei syn nederlaach yn 'e Slach by Culloden in hoart ûnderdûke, ear't er mei help fan jakobityske sympatisanten, lykas de ferneamde Flora MacDonald, wist te ûntkommen nei Frankryk.

Neffens dizze teory soe My Bonnie Lies over the Ocean eins in polityk protestliet wêze, dat oarspronklik songen waard troch jakobiten. Fanwegen de dûbelsinnichheid fan 'e Skotske term bonnie, wêrmei't ferwiisd wurde kin nei sawol in man as in frou, koene se beare dat it in leafdesliet wie as se troch de Ingelske oerhearskers op it sjongen trappearre waarden.

Yn 1881 publisearre de Amerikaan Charles E. Pratt, ûnder it dûbele pseudonym fan H.J. Fuller en J.T. Wood, foar it earst blêdmuzyk by My Bonnie Lies over the Ocean. Dat late ta in oanwaaksende en duorjende populariteit fan it liet, yn 't earstoan benammen mank universiteitskoaren en oare sjonggroepen, mar letter ek by gewoane minsken. Mids tweintichste iuw sette de dichter Douwe Annes Tamminga My Bonnie Lies over the Ocean oer yn it Frysk. Hy makke der in ûndûbelsinnich leafdesliet fan, ûnder de titel Myn Berber [Is Fier oer it Wetter]. Teffens wykte er fan it oarspronklike ferske ôf troch der in ekstra kûplet oan ta te heakjen mei in happy end.[1]

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it ferske besjongt de ferteller syn faam Berber, dy't om in net neier neamde reden oarekant de see ferbliuwt. Hy ropt de beanhearre (in drûge easte- of noardewyn wêrfan't men yn earder tiden tocht dat de beantsjes dertroch ripen) oan syn Berber by him werom te bringen.

Ingelsk Frysk

My bonnie lies over the ocean
My bonnie lies over the sea
My bonnie lies over the ocean
Oh, bring back my bonnie to me, to me

refr.:
Bring back, bring back
Oh, bring back my bonnie to me, to me
Bring back, bring back
Oh, bring back my bonnie to me

Last night as I lay on my pillow
Last night as I lay on my bed
Last night as I lay on my pillow
I dreamt that my bonnie was dead, was dead

refr.

Oh, blow the winds o'er the ocean
And blow the winds o'er the sea
Oh, blow the winds o'er the ocean
And bring back my bonnie to me, to me

refr.










Myn Berber is fier oer it wetter
Myn Berber is fier oer de see
Myn Berber is fier oer it wetter
O, bring my myn Berber te stee, te stee

refr.:
Bring my, bring my
O, bring my myn Berber te stee, te stee
Bring my, o bring my
O, bring my myn Berber te stee

O, beanhearre, blaas oer it wetter
O, beanhearre, blaas oer de see
O, beanhearre, blaas oer it wetter
En bring my myn Berber te stee, te stee

refr.

In nacht doe't ik lei yn 'e slomme
In nacht doe't ik lei yn it hea
In nacht doe't ik lei yn 'e slomme
Ik dreamde myn Berber wie dea, wie dea

refr.

De beanhearre blaasd’ oer it wetter
De beanhearre blaasd’ oer de see
De beanhearre blaasd’ oer it wetter
En brocht my myn Berber te stee, te stee

Brocht my, brocht my
Ja, brocht my myn Berber te stee, te stee
Brocht my, ja, brocht my
Ja, brocht my myn Berber te stee

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Fryslân Sjongt, alfde printinge, Ljouwert, 2000 (Afûk), ISBN 9 06 27 33 611, nû. 67, s. 106/107.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.