Myn Berber
Myn Berber | ||
algemiene ynformaasje | ||
taal | Frysk | |
sjenre | folksferske | |
skriuwer | Douwe Tamminga | |
komponist | ûnbekend (Skotske folkswize) |
Myn Berber, ek wol bekend as Myn Berber Is Fier oer it Wetter, is Frysk folksferske. It is in oersetting fan it Skotske folksferske My Bonnie Lies over the Ocean, dat mooglik weromgiet op 'e Jakobityske Opstân fan 1745. Der binne ek oersettings yn ferskate oare Westjeropeeske talen, en it ferske is noch altyd tige populêr. It is, benammen yn it Ingelsk, ek ferskate kearen parodiëarre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De titel My Bonnie Lies over the Ocean betsjut letterlik "Myn Tsjeppe [faam of feint] Is Oarekant de See". Hoewol't de oarsprong fan it orizjinele, Skotsktalige folksferske ûndúdlik is, wurdt faak oannommen dat it eins oer prins Karel Edwert Stuart giet, oftewol "Bonnie Prince Charlie". Dy kaam yn 1745 oer nei Skotlân, dêr't er de Heechlânske klans oansette ta in Jakobityske Opstân. De rebûlje waard úteinlik lykwols delslein, en Karel Edwert Stuart moast nei syn nederlaach yn 'e Slach by Culloden in hoart ûnderdûke, ear't er mei help fan jakobityske sympatisanten, lykas de ferneamde Flora MacDonald, wist te ûntkommen nei Frankryk.
Neffens dizze teory soe My Bonnie Lies over the Ocean eins in polityk protestliet wêze, dat oarspronklik songen waard troch jakobiten. Fanwegen de dûbelsinnichheid fan 'e Skotske term bonnie, wêrmei't ferwiisd wurde kin nei sawol in man as in frou, koene se beare dat it in leafdesliet wie as se troch de Ingelske oerhearskers op it sjongen trappearre waarden.
Yn 1881 publisearre de Amerikaan Charles E. Pratt, ûnder it dûbele pseudonym fan H.J. Fuller en J.T. Wood, foar it earst blêdmuzyk by My Bonnie Lies over the Ocean. Dat late ta in oanwaaksende en duorjende populariteit fan it liet, yn 't earstoan benammen mank universiteitskoaren en oare sjonggroepen, mar letter ek by gewoane minsken. Mids tweintichste iuw sette de dichter Douwe Annes Tamminga My Bonnie Lies over the Ocean oer yn it Frysk. Hy makke der in ûndûbelsinnich leafdesliet fan, ûnder de titel Myn Berber [Is Fier oer it Wetter]. Teffens wykte er fan it oarspronklike ferske ôf troch der in ekstra kûplet oan ta te heakjen mei in happy end.[1]
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it ferske besjongt de ferteller syn faam Berber, dy't om in net neier neamde reden oarekant de see ferbliuwt. Hy ropt de beanhearre (in drûge easte- of noardewyn wêrfan't men yn earder tiden tocht dat de beantsjes dertroch ripen) oan syn Berber by him werom te bringen.
Ingelsk | Frysk |
---|---|
My bonnie lies over the ocean |
Myn Berber is fier oer it wetter |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |