Springe nei ynhâld

Museum Drachten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Museum Smellingerlân)
Foargevel museum
Museumplein

It Museum Drachten, ek Museum Dr8888, (it eardere Museum Smellingerlân) sit yn in âld kleaster fan de Fransiskanen oan it Museumplein yn it sintrum fan Drachten. It museum mei syn galery is oansluten by de Museumfederaasje Fryslân.

Museum Dr 8888 is fêstige yn in eardere minderbruorrekleaster yn it sintrum fan Drachten. De troch Fransiskus fan Assisi stichte tsjerkoarder (dy't him foaral dwaande hâldt mei sindingswurk) seach yn Drachten in gaadlik plak foar in Fransiskaner kleaster, omdat út de folkstelling fan 1930 bliken die dat de ûnttsjerkliking yn Fryslân tanaam. Arsjitekt H.H. de Graaf út Den Bosch ûntwurp it bouplan yn de styl fan de Delftse Skoalle.

Oerste Augustus de Hart en de paters en bruorren namen op 1 april 1937 har yntrek yn it kleaster. Yn 'e rin fan 'e tiid waard de sielesoarch ûnder de katoliken wichtiger en meidat dat net ta de haadtaken fan de Fransiskaner muontsen heart, foel yn 1970 it beslút om it kleaster op te heffen. De gemeente Smellingerlân kocht gebou en tún en liet it arsjitekteburo Van Manen & Zwart út Drachten in plan meitsje foar ferbou ta gemeentehûs. Sa feroare yn 1972 it minderbruorrekleaster yn in gemeentehûs.

Yn 1994 -1995 waard it âlde kleaster/gemeentehûs op 'e nij ferboud, no ta museum. It bouplan wie fan de hân fan de Drachtster arsjitekt Rein de Valk. Op 1 jannewaris 1996 ferruile it museum it alâlde histoaryske gritenij- en gemeentehûs oan it Mûnein foar it - jongere mar ek histoaryske - kleaster oan it Museumplein.

Museum Drachten toant wurk fan Fryske keunstners as Pier Pander, Ids Wiersma, Jan Planting en Sjoerd de Roos, en hat dêrneist oar wurk fan De Styl-keunstner Theo van Doesburg, syn Drachtster geastbesibben de bruorren Evert en Thijs Rinsema, en de Dada-keunstner Kurt Schwitters. Van Doesburg wie aktyf yn de sosjale wenningbou yn de Pappegaaiebuert yn it sintrum fan Drachten. De keunstners hawwe meast in bining mei Drachten.

Oer de ûntwikkeling fan Drachten wurdt op de kultuerhistoaryske ôfdieleing omtinken jûn.

Kultuerhistoarje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neist keunstwurken is der in aparte kultuerhistoaryske ôfdieling mei opdolde foarwerpen út de prehistoarje en de brûnstiid. De grutste yn Nederlân fûne trachterbeker út in grêfheuvel is opnomd yn de kolleksje. In midsiuwsk grêf opboud út kleastermoppen út it kleaster fan Smelie wurdt ek toand. Ek de ûntwikkeling fan Drachten troch de tiid wurdt yn byld brocht. Ut de mear resinte tiid is der in presintaasje te sjen fan de Philishave, in produkt dat jierrenlang makke waard troch de festiging fan Philips te Drachten.

It museum hat in kolleksje boeken oer keunstners en keunststreamings dy't foar Drachten en omkriten fan belang west hawwe en ek in kultuerhistoaryske kolleksje dy't antkwaryske en konemporêre wurken befet oer de histoarje fan Drachten, Smellingerlân en Fryslân. De kolleksje is yn it museum yn te sjen en de boeken binne opnomd yn in online te rieplachtsjen katalogus. De kolleksje sit yn de Cultuurlounge fan it museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: