Philishave

Ut Wikipedy
Philishave model HQ-5426

De Philishave is in merknamme fan de skearapparaten fan Philips, de wrâldmerklieder op it mêd fan elektrysk skearen. De produksje fan de Philishave bart benammen yn Drachten, mar de lêste jierren is ek in diel fan de produksje oerpleatst nei Sina.

Koarte skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Philips' earste produkten wienen gloeilampen. Yn de jierren tweintich fan de tweintichste iuw begûn it fabryk ek oare produkten te meitsjen. Sa kaam men yn 1939 mei it earste elektryske Philips-skearapparaat, de Philishave. Sûnttiid binne der mear as 400 miljoen eksimplaren fan it skearapparaat ferkocht.

Yn 2006 hat it elektronikakonsern besluten om de merknamme Philishave ferdwine te litten. Tenei sil it elektronikabedriuw de skearapparaten allinnich noch mar ûnder de mear bekende merknamme Philips útbringe as 'Philips shaver'.

Der wurdt net ferwachte dat Philips ferlies lije sil troch it loslitten fan Philishave, omdat Philips grutte bekendheid hat. Dêrneist liket de namme Philips in soad op Philishave.