Byzantynske stedsmuorre (Tessaloniki)
Byzantynske stedsmuorre | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Tessaloniki | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Stedsmuorre | |
boujier | 3e-4e iuw n.Kr. | |
sloopjier | 1874 (foar in part) | |
boustyl | Byzantynske arsjitektuer | |
monumintale status | UNESCO-wrâlderfgoed | |
Plattegrûn mei de stedsmuorre. |
De Byzantynske stedsmuorre fan Tessaloniki of de muorren fan Tessaloniki (Gryksk Τείχη της Θεσσαλονίκης, Tihi tis Tesalonikis) binne de âlde stedsmuorren fan de Grykske stêd Tessaloniki. De muorren omfiemen de stêd oan alle kanten, ynklusyf de kust. Dat bleau sa oant de ein fan 'e 19e iuw, doe't de Turkske autoriteiten in grut part fan 'e muorren ôfbrutsen foar de werstrukturearring fan 'e stêd, ynklusyf it hiele diel oan 'e kust.
Tessaloniki hat al sûnt de stifting fan 'e stêd yn 'e 4e iuw f.Kr. stedsmuorren, mar de hjoeddeiske muorren datearje út it Byzantynske tiidrek út de ein fan 'e 4e iuw, mei dielen fan in eardere, let 3e-iuwske muorre. De muorren ha in typyske let-Romeinske struktuer fan hurdstiennen mitselwurk ôfwiksele mei lagen bakstien. It noardlike diel fan 'e muorren grinzget oan 'e acropolis fan 'e stêd, dy't in aparte fersterke seksje foarmet. Yn dy seksje leit noch in sitadel, it Heptapyrgion (Sân Tuorren).
Yn 1988 waard de muorre fanwegen de opmerklike Byzantynske arsjitektuer as ûnderdiel fan 'e Ierkristlike en Byzantynske Monuminten fan Tessaloniki tafoege oan 'e UNESCO-wrâlderfgoedlist.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste fersterking fan 'e nije stêd datearret út de 3e iuw f.Kr. De Romeinske ferovering fan 167 f.Kr. brocht de Romeinske frede en as gefolch dat de muorren al healwei de 1e iuw ruïnes wiene.
Yn 'e 3e iuw waarden mei gebrûk fan âlde gebouwen nije fortifikaasjes oanlein om de stêd foar de Goaten te beskermjen. Mei dy fortifikaases waarden yn 254 en 268 oanfallen fan 'e Goaten ôfslein. De Romeinske muorre wie 1,65 breed en hie fjouwerkante tuorren.
Oan it begjin fan 'e 4e iuw lieten Galearius en Konstantyn de Grutte de muorren yn Tessaloniki fersterke. Tsjin de ein fan 'e 4e iuw wie in twadde muorre om de âlde hinne boud.
De muorre dy't hjoed-de-dei noch te sjen is waard fan 'e ein fan 'e 4e iuw oant healwei de 5e iuw boud, wylst yn 'e 7e iuw in ferbetteringsprogramma útfierd waard om de stêd tsjin de Avaren en de Slaven ferdigenjen. Yn 904 waard de stêd troch de Sarasenen oermastere by in oanfal fan 'e kant fan 'e see. Dat late nei de ôftocht fan 'e Sarasenen ta de bou fan in warmuorre oan 'e kant fan 'e kust.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Walls of Thessaloniki
|