Munster fan Basel

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Baseler Munster

Basler Münster

Basler - Basler Münster Westfassade.jpg
lokaasje
lân Flag of Switzerland (Pantone).svg Switserlân
kanton Flag of Canton of Basel.svg Basel-Stadt
plak Basel
adres Münsterplatz 9, 4051 Basel
bysûnderheden
type bouwurk Katedraal
boujier 12e iuw-1500
arsjitekt Ulrich Ensinger, Hans von Nussdorf
boustyl Romaanske en goatyske arsjitektuer
oare ynformaasje
webside Side Baseler Munster

It Munster fan Basel (Dútsk: Basler Münster) is in protestantske tsjerke yn de Switserske stêd Basel. De fan reade sânstien boude tsjerke is in monumint fan nasjonaal belang. De bou fan de tsjerke fûn plak nei't de foargonger yn 1356 troch in ierdskodding foar in grut part ferneatige waard. Johannes Gmünd hie de lieding fan de bou, dy't op dat stuit ek wurke oan de bou fan it Munster fan Freiburch. Yn 1421 wreide Ulrich fan Ensingen de tsjerke út. Mei de bou fan de súdlike toer yn 1500 troch Hans fan Nussdorf waard de tsjerke foltôge. Oarspronklik wie de tsjerke in katolike katedraal, sûnt de reformaasje is it in grifformearde tsjerke.

Eardere bouwurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Eartiids, yn de earste iuw foar Kristus, lei op de heuvel dêr't hjoeddedei de munstertsjerke stiet, in fortifisearre Keltyske stêd. De gallyske muorre fan dy stêd waard by opgravings yn 1970 ûntdutsen. Sawol it plak fan de poarte as it histoaryske strjittenpatroan koe foar in part trasearre wurde. Op it plak fan it munster fertakke de strjitte him en mooglik hat dêr in lytse timpel stien, dy't letter plak meitsje moast foar in romeinsk fort.

De earste biskop fan Basel soe Justinianus (343-346) west ha. Yn de iere midsiuwen ferhûze de biskopssit fan Augusta Raurica (it hjoeddeiske Kaiseraugst) nei de heuvel fan it munster. In histoarysk bewiis ûntbrekt dat der foar de 9e iuw in katedraal stien hat.

Tsjin it ein fan de 10e iuw waard op de âlde fûneminten fan de foargonger útein set mei de bou fan in ier-romaanske tsjerke nei't de foargonger skeind rekke by in ynfal fan de Hongaren. De namme fan dy trijskepige Heinrichsmünster (ek wol Adalberto-katedraal neamd om't biskop Adalberto II (± 999 - 1025) de opdracht ta de bou joech) is basearre op de stifters fan de tsjerke, keizer Hindrik II en syn frou Kunigunde. De tsjerke wie lykwols wijd oan de hillige Jongfaam Marije. De Heinrichsmünster waard yn 1019 ynwijd en krige tsjin it ein fan de 11e iuw oan de westlike kant in toer, dy't noch altiten stiet en it ûnderste diel fan de hjoeddeiske noardlike toer foarmet. Yn dy tiid bestie der noch gjin súdlike toer.

Yn de jierren 1180-1230 ûntstie op de plattegrûn fan de Heinrichsmünster in letromaanske trijeskepige nijbou mei dwersskip. Alhoewol't swiere bundelpylders de bou droegen, ferwoastge de ierdskodding fan 1356 in grut part fan dy tsjerke.

De bou fan de hjoeddeiske tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plattegrûn Baseler Munster

Under lieding fan boumaster Johann Parler waard de weropbou oppakt, werby't guon dielen fan de âlde bou yn de nijbou yntegrearre waarden. Al yn 1363 koe it heechalter wer ynwijd wurde. Yn 1414 ûntwurp Ulrich fan Ensingen, de bouwer fan de tuorren fan de munstertuorren fan Ulm en Straasburch, de ferheging fan de noardlike Joristoer, dy't yn 1428 foltôge waard. De bou fan de súdlike Martinustoer folge folle letter en waard pas op 23 july 1500 ûnder lieding fan Hans fan Nussdorf foltôge. Dat is ek de datum dy't jildt as de offisjele ôfsluting fan de bou fan it munster. Ek yn de 15e iuw waard in grutte en in lytse krúsgong oanboud.

Oant de reformaasje tsjinne de tsjerke as biskopstsjerke. Yn de 19e iuw fûnen twa grutte restauraasjes plak. Dêrby waard fan 1852 oant 1857 it doksaal ferhûze en de westlike krypte sletten. De renovaasjes fan de 20e iuw hiene as doel om wer mear klam te lizzen op de letromaanske bou fan de tsjerke, wêrby't inkelde ferbouwings út de jierren 1850 werom draaid waarden. De krypte ûnder de fiering waard wer tagonklik makke en de flier krige it oarspronklike nivo werom. Tagelyk krige de tsjerke nei brânskildere ramen fan Franz Xaver Eggert.

Konsylje fan Basel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1424 joech paus Martinus V berjocht oan it stedsregear dat Basel keazen wie foar it hâlden fan it folgjende konsylje. Tusken 1431 en 1448 wie de munstertsjerke it plak dêr't praat waard oer in herfoarming fan de Tsjerke. Doe't yn opdracht fan paus Eugenius IV de doedestiidske foarsitter fan it konsylje fangewegen in konflikt mei it konsylje yn 1438 werom roppen en de achterbliuwers ekskommunisearre waarden, keas it Baseler konsylje op 24 july 1440 yn it Haus zur Mücke oan it plein fan de munstertsjerke Feliks V as tsjinpaus. Dy opset slagge net en keizer Freark III feroardene it konsylje yn Basel te ûntbinen.

Nei it sluten fan de pauslike universiteit besochten boargers fan Basel in nije universiteit te stiftjen. De lettere paus Pius II, dy't foar it konsylje yn Basel as sekretaris tsjinne hie, makke mei de útjefte fan in stiftingsbul de wei iepen om op 4 april 1460 de Universiteit fan Basel te iepenjen.

Byldenstoarm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei de byldenstoarm yn 1528 en 1529 gyngen in soad keunstwurken ferlern. Huldrych Zwingli, in ynfloedrike herfoarmer, feroardiele de oanbidding fan God yn de foarm fan bylden as ôfgoaderij. Boargers plonderen de Baseler tsjerken en guon diene dat mei it wapen yn de hân. Bylden en skilderijen waarden fernield.

Byldenstoarm yn Zürich, 1524

In groep fan likernôch fjirtich wapene manlju hiene harren op 9 febrewaris 1529 om 13:00 opmakke om nei it munster te tsjen. Nei in earste oanfal op de tsjerke, werby't in alter omfier lutsen en fernield waard, dripten se ôf om fersterkings te heljen. De kapelanen sletten doe gau de poarten fan it munster, mar doe't se werom kamen wie de groep oangroeid ta sa'n 200 man dy't mei geweld de tagong forsearren en yn de tsjerke alderheislikst te kear gyngen. Alters, krúsen, de foarstellings fan hilligen en ôfbylden fan Marije, alles wat tinken die oan de roomske lear waard fernield. Yn de rin fan de middei wreide de byldenstoarm him ek út nei de oare tsjerken fan de stêd. De tsjerkeskat koe aldergelokst noch rêden wurde en bleau kompleet oant it Kanton Basel yn twa kantons opsplitst waard.

Erasmus fan Rotterdam beskreau de razernij yn Basel yn in brief fan 9 maaie 1529:

Fan stânbylden waard neat net skeind, noch yn de tsjerken noch yn de foarhallen noch yn de kleastergongen noch yn de kleasters. Wat oan skildere ôfbylden oanwêzich wie, waard bedutsen mei in laach kalk; wat brânber wie waard op de brânstapels smiten, wat net, waard stik foar stik fergruzele. Wearde noch keunst koe tefoarren komme dat earne noch wat hiel bleau.

Arsjitektuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tuorren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It munster, dat eartiids fiif tuorren hie, waard niet de swiere ierdskodding fan 1356 mar mei twa tuorren wer opboud.

De Joristoer (Georgsturm) is de âldste en noardlike toer en 67,3 meter heech, wylst de súdlike Martinustoer (Martinsturm) pas yn 1500 foltôge waard en 65,5 heech is. De beide hilligen wurde njonken it haadportaal op hege pilasters op it hynder foarsteld. It orizjinele ruterbyld fan Martinus stamt út 1340 en stiet tsjintwurdich mei in soad oare âlde bylden fan de tsjerke yn it Klingertalmuseum. De hillige Joris (1372) fjochtet yn de foarstelling mei in opfallend lytse draak.

Haadportaal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadportaal

Oan it haadportaal stiet tusken de doarren in lege pylder dêr't eartiids in Marijebyld stien hat. It timpaan dêrboppe hie foar de reformaasje in foarstelling fan it Jongste Gerjocht, in foarstelling dy't fakentiden ek op oare grutte goatyske katedralen oantroffen waard. Mei de byldenstoarm waarden sawol it Marijebyld as it Jongste Gerjocht fernield. Fan it ûnderste diel fan it timpaan binne noch de fuotten fan de stikken makke figuren te sjen. Wol bewarre is it byldhouwurk yn de profilearring fan it portaal. Profeten, keningen, roazen, ingels en Abraham siere de profilearring. It 12e iuwske byldhouwurk heart ta de earste faze fan it haadportaal en is makke troch de saneamde master fan Erminold. Yn dy tiid foarme it haadportaal in ûnderdiel fan in paradys, mar nei de ierdskodding ferhûze it nei it hjoeddeiske plak.

Links fan it haadportaal binne de bylden fan de stifters oanbrocht, Hindrik II en syn frou Kunigunde. De jonge en baardleaze keizer draacht it model fan in tsjerke. Syn frou krige pas mei de renovaasje van de tsjerke nei 1880 in krús yn de hannen, mar droech oarspronklik in pear moffen. Rjochts fan it haadportaal steane de bylden fan in ferlieder (yn de ferskining fan in prins) en ien fan de sleauwe jongfammen dy't nei inoar laitsje. Wylst de sleauwe faam laket en har klaaiïng iepenet, krûpe by de ferlieder slangen en podden oer de rêch, dy't it kwea symbolisearje. De foarstelling stamt út likernôch 1280.

Galluspoarte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galluspoarte

De Galluspoarte (Galluspforte; 1150-1170 is it wichtichste romaanske byldhouwurk fan Switserlân en wurdt beskoôge as it âldste romaanske byldenportaal yn it Dútsktalige gebiet. De poarte is ferneamd nei it alter dat eartiids yn it noardlike dwersskip fan it munster stie. De poarte oan de noardlike gevel fan it dwersskip telt in grut tal bylden en docht tinken oan in triomfbôge. It portaal is hast hielendal orizjineel. Om de brûnzen doarren út 1892 binne bylden te sjen fan de fjouwer evangelisten, de wize en sleauwe fammen, ingels en deaden dy't út harren grêven opsteane. Yn it bôgenfjild troant Kristus as Rjochter fan de wrâld. De bylden binne tige karkteristyk en litte mimyk sjen, itjinge seldsum is foar bylden út de romaanske tiid. Lange tiid wie it net dúdlik oft de Galluspoarte oarspronklik foar de westlike gevel ornearre wie, mar út resint ûndersyk hat bliken dien dat de poarte foar it hjoeddeiske plak makke waard.

Tusken de Galluspoarte en it dêrboppe ynbrochte roasfinster binne skuorren te sjen dy't noch fan de ierdskodding fan 1356 datearje.

Ynterieur tsjerke[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ynterieur

De romte yn de tsjerke is 65 meter lang en 32,5 meter breed. Ynklusyf de lâns de sydskepen boude grêfkapellen dy't letter ta trochrinnende sydskepen ferboud binne is it in fiifskepige tsjerke. De brânskildere ramen datearje foar it measte út de 19e iuw. It ferwulft fan it hege middenskip en it boppediel fan it koer binne yn goatyske styl nei de 14e iuwske ierdskodding wer opboud. By restauraasjewurk waard ûntdutsen dat it ferwulft fan it middenskip mei in Marije-syklus beskildere wie dy't nei alle gedachten om 1400 hinne oanbrocht waard en allinne mei ultrafiolet ljocht te sjen is.

Yn de koeromgong stiet de sarkofaach fan keninginne Anna fan Habsburg en har soan Karel. Hja troude as Gertrud fan Hohenberg om 1245 hinne de lettere kening Rudolf fan Habsburg en ferstoar yn 1281 yn Wenen. Har lichem waard fan dêr nei Basel oerbrocht. De yn har grêf oantroffen oerbliuwsels fan in frou, in bern en in man waarden yn 1770 nei de Sint-Blasius-abdij yn Baden-Wuertemberch oerbrocht; tsjintwurdich rêsten hja yn Sint-Paulusstift yn Lavanttal yn Karintië, Eastenryk.

Yn it súdlike dwersskip stiet in stiennen doopfont út 1465 en de biskopstroan út 1380. De boumaster Hans fan Nussdorf makke yn 1486 út fiif blokken sânstien in keunstsinnich fersierd preekstoel yn goatyske styl.

Erasmus-epitaaf

De humanist Erasmus hat him nochal wat jierren yn Basel opholden: fan 1514 oant 1516, fan 1521 oant 1529 en fan 1535 oant 1536. Nei in ferbliuw yn Freiburg im Breisgau yn de tiid fan de reformaasje kaam er nei Basel werom en ferstoar dêr yn 1536 yn de âldens fan santich jier. Erasmus waard yn it munster byset. Dat er as katolike geastlike yn it grifformearde Basel in eareplak krige, tsjûget fan it grutte respekt dat er oer de grinzen fan konfesjes hinne genoat. Oarspronklik stie syn grêf foar it doksaal yn it middenskip, mar yn de 19e iuw waard it epitaaf in oar plak jûn. It grêf waard yn 1974 wer ûntdutsen en no rêst Erasmus fuort foar it epitaaf yn it noardlike sydskip. Op it epitaaf wurdt net Erasmus ôfbylde. Yn it Latynsk wurde yn fergulde letters de fertsjinsten fan Erasmus neamd en de nammen fan syn trije humanistenfreonen, Bonifatius Amerbach, Hiëronymus Froben en Nikolaas Bischoff, dy't opdracht joegen ta it meitsjen fan it epitaaf. Yn in medaille wurdt de antike god Terminus foarsteld, it sinnebyld foar de begrinzging. De Latynske wurden concedeo nulli (ik wyk foar nimmen) wiene it persoanlike biedwurd fan Erasmus.

Tichteby it Erasmus-epitaaf is in plakette te sjen mei romaanske foarstellings út it libben fan Finsintius fan Zaragossa, dy't yn 304 nei Kristus de martlerdea stoar. It datearret nei alle gedachten út likernôch 1100 en hat foar de reformaasje in diel fan in alter west.

Krypte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Krypte
Fresko's krypte

Oant de jierren 1850 wie der ûnder de fiering in eastlike en in westlike krypte. Hjoeddedei is der allinne noch in eastlike krypte. Yn de krypte lizze de grêven fan de Baseler biskoppen fan de 10e oant de 13e iuw. De âldste sarkofaach is fan biskop Rudolf II, dy't by de ynfal fan de Hongaren yn 917 it libben liet. Syn sarkofaach stiet tsjintwurdich yn de noardlike apsis fan de omgong. Njonken de sintrale apsis yn de omgong binne twa biskoppen te sjen: Adalbero I, de bouhear fan de Heinrichtsjerke, en Lütold I fan Aarburg, de skinker fan it Marije-alter. Harren grêven waarden yn 1907 foar dy apsis ûntdutsen.

De nei de ierdskodding op 'e nij oanleine krypte is trijeskepich. It ferwulft is dekorearre mei fresko's út ± 1400.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in oarkonde út 1303 stie yn de munstertsjerke it âldst bekende oargel fan Switserlân. Fan dat troch Magister Raspo út Frankfurt am Main boude ynstrumint bleau neat bewarre. It waard nei de ierdskodding troch in swellenêstoargel ferfongen. Tusken 1529 en 1561 waard troch de reformaasje it spyljen op it oargel ferbean, mar letter dochs wer ynfierd.

It hjoeddeiske oargel waar mei Pinkster 2003 ynwijd. It waard troch Peter Märkli ûntwurpen en troch oargelbou Mathis boud. Om it finster sichtber te hâlden is it ynstrumint yn twaën dield. It goatyske doksaal fan reade sânstien tsjinnet as oargelgalerij, dat foar de bou fan it nije oargel renovearre waard. It ynstrumint hat 78 registers op fjouwer manualen en pedaal mei mechanyske spyl- en registertraktuer.

Preekstoel

Krúsgong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ferwulft krúsgong

Oan de súdlike kant fan it munster leit in dûbele krúsgong. De lytse krúsgong ûntstie tusken 1467 en it ein fan de jierren 1480. Yn de noardwestlike hoeke is in slútstien te sjen fan de hillige Katarina fan Aleksandrje. De grutte letgoatyske krúsgong waard tusken 1429 en 1462 boud. De muorren fan de grutte krúsgong binne behongen mei in soad grêfmonuminten fan belangrike ynwenners fan Basel. By de tagong fan de krúsgong stiet in stânbyld fan de reformator Johannes Oekolampad.

In hal ferbynt de twa krúsgongen mei inoar. Boppe de hal leit de saneamde Munsterseal, dy't net foar it publyk tagonklik is en dêr't ea de bibleteek fan it konsylje fan Basel ûnderbrocht wie.

Orizjinele bylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In soad romaanske en goatyske bylden fan it munster binne ferfongen troch kopyën. De orizjinele bylden binne yn in permaninte útstalling fan it Museum Kleines Klingental te finen. Njonken de grutte bylden fan it westlike portaal en romaanske bylden fan bisten binne dêr ek noch dielen fan it eardere ynterieur te sjen, lykas alterpanelen, byldhoukeunst fan grêven en dielen fan it koerstuolte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [[:de:Dies ist ein als exzellent ausgezeichneter Artikel. Basler Münster]]