Springe nei ynhâld

Monreal

Ut Wikipedy
Monreal
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Mayen-Koblenz
ferbânsgemeente Vordereifel
Sifers
Ynwennertal 763 (31.12.2023)
Oerflak 14,65 km²
Befolkingsticht. 52 ynw./km²
Hichte 300 m
Oar
Postkoade 56729
Koördinaten 50° 18' N 7° 9' E1
Offisjele webside
monrealeifel.de
Kaart
Monreal (Rynlân-Palts)
Monreal

Monreal is in skildereftich stedsje yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts. It plak leit yn 'e lânkring Mayen-Koblenz en falt ûnder de ferbânsgemeente Vordereifel.

It plak komt foar it earst foar op in oarkonde as Cunisberch (Keningsberch). Yn 'e 13e iuw ferfrânsken de greven fan Virneburg it plak troch it de namme Monroial (fan Mont Royal) te jaan, werút it hjoeddeiske Monreal ûntstie. Monreal krige yn 1306 stedsrjochten en alle moandeis mocht Monreal in grutte merk organisearje. De kastielen fan Monreal waarden yn 1632 yn 'e Tritichjierrige Kriich troch Sweedske troepen en yn 1689 yn de Paltske Súksesjekriich troch Frânske troepen ferneatige.

De grutte keppels skiep op 'e Eifel makken nei de Tritichjierrige Kriich in grutte bloei fan 'e tekstylyndustry mooglik. In soad fakwurkhûzen tsjûgje tsjintwurdich noch fan 'e wolstân fan dy tiid. De ynternasjonale konkurrinsje makke yn 'e 19e iuw in ein oan 'e yndustry en sûnt ferearme Monreal, oant yn 'e jierren 1930 de toeristenyndustry ynteresse krige foar Monreal.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De ruïnes fan 'e Löwen- en Philippsburg (Liuwe- en Filipsboarch).
  • De roomske Dreifaltigkeitskirche (Trije-ienheidstsjerke).
  • It Viergiebelhaus (Fjouwergevelhûs) fan 1452 (restaurearre yn 2004).
  • De hiele kearn fan Monreal mei in soad 15e- oant 18e-iuwske fakwurkhûzen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan 'e Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Monreal