Molly Culver

Ut Wikipedy
Molly Culver
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Mollie Culver
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 18 july 1967
berteplak Santa Clara County (Kalifornje)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Tsjikkesou
Tsjoktou
jierren aktyf 1990-er jierren – no
offisjele webside
www.mollyculver.com

Molly Culver (Santa Clara County (Kalifornje), 18 july 1967) is in Amerikaansk aktrise en model. Hja is benammen bekend wurden mei har rol as Tasha Dexter yn 'e tillefyzjesearje V.I.P.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Berte en komôf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Culver waard yn 1967 berne yn Santa Clara County, yn it noardlike part fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, net fier fan San Francisco. Hja is fan mingd etnysk komôf, mei foar it grutste part Angelsaksysk Amerikaansk bloed, mar mei in fjirdepart Yndiaanske ôfstamming, fan 'e Tsjikkesou (Chickasaw) en de Tsjoktou (Choctaw).

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Culver sette har aktearkarriêre yn 1998 útein mei in gastrol yn in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Pacific Blue. Hja waard benammen bekend troch har fertolking fan 'e rol fan profesjoneel liifwacht Tasha Dexter yn 'e aksjekomeedzjesearje V.I.P. Dêryn hie se as tsjinspylsters Pamela Anderson en Natalie Raitano. V.I.P. rûn fjouwer seizoenen oant it yn 2002 stopset waard. It súkses dat se mei dy searje behelle, koe Culver neitiid nea wer belykje.

Letter hie Culver weromkearende rollen yn trije ôfleverings fan 'e searje Heist en yn twa ôfleverings fan 'e plysjesearje Criminal Minds. Ek fertolke se in gastrol yn 'e searje Moonlight en spile se yn 'e film It's Complicated, hoewol't dy lêste rol sa lyts wie dat se der net iens foar neamd waard op 'e ôftiteling.

Njonken har aktearwurk is Culver ek aktyf as presintatrise. Yn dy hoedanichheid wie se yn 2010 belutsen by it realitytillefyzjeprogramma All American Handyman. Teffens fersoarge se de voice-over foar de programma's I Love the '70s, I Love the '70s Volume II, I Love the '80s, I Love the '80s Strikes Back, I Love the '90s, I Love the '90s Part Deux, I Love Toys en I Love the New Millennium. Dat wie in rige nostalgyske minysearjes oer eardere desennia, dy't útstjoerd waarden op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder VH1.

As model hat Culver fierders reklamespotsjes makke foar de Sapphire-creditcard fan 'e Chase-bank, en foar de Amerikaanske restaurantkeatling Olive Garden.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.