Springe nei ynhâld

Militêre Loftfeart Museum

Ut Wikipedy
Fokker F27-300 yn it Militêre Loftfeart Museum

It Militêre Loftfeart Museum lei oant 30 juny 2013 op it Kamp fan Zeist by de loftmachtbasis Soesterberg. It wie it offisjele museum fan de Keninklike Loftmacht. It museum waard yn it wurk hâlden troch sa'n 70 frijwilligers en in betelle staf. It ministeary fan Definsje stipe it museum dat fergees tagonklik wie.

It Militêre Loftfeart Museum yn Soesterberg en it Legermuseum yn Delft binne yn 2014 byinoarbrocht en binne no part fan it Nasjonaal Militêr Museum (NMM) dat oars ek festige is op de eardere fleanbasis Soesterberg.

Op inisjatyf fan in tal loftmachtminsken waard 1968 it Loftmachtmuseum oprjochte. Op 3 july 1968 waard it museum iepene troch Prins Bernhard; it siet doe noch yn ien fan de hangaars op de Fleanbasis Soesterberg. Yn 1980 ferhuze it Loftmachtmuseum nei it Kamp fan Zeist en waard de namme feroare yn Militêre Loftfeart Museum. Tenei wie der ek omtinken foar de Marineloftfearttsjinst en de Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: