Ludwig Bölkow

Ut Wikipedy
Ludwig Bölkow
Portret fan Günter Rittner, 1978

Ludwig Bölkow (Schwerin, 30 juny 1912Grünwald by München, 25 july 2003) wie in Dútsk loftfeartpionier. Hy wie ien fan de ûntwerpers fan de earste Dútske strieljager en inisjatyfnimmer ta de ûntjouwing fan de Airbus.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bölkow waard berne yn Schwerin as soan fan Ludwig Bölkow sr. (1886–1952), foarman by it fleantúchfabryk Fokker. Nei't er oplaat wie ta loftfeartyngenieur yn Berlyn kaam er yn 1939 yn tsjinst by Messerschmitt. Dêr wie er belutsen by de bou fan de Bf 109 G, de Me 210 en de strieljager Messerschmitt Me 262, dy't noch ûnder de Twadde Wrâldoarloch troch Nazy-Dútslân ynset waard. Yn 1958 rjochte Bölkow ûnder eigen namme in fleantúchfabryk op yn Ottobrunn. Bölkow GmbH gie letter op yn it yn München festige bedriuw Messerschmitt-Bölkow-Blohm, (MBB). Sûnt 2000 is MBB diel fan it Jeropeeske loft- en romtefeartkonsortium EADS, dat 80 persint fan Airbus besit.

Tal fan technologyen yn de loft- en romtefeart binne troch Bölkow, of mei troch him, ûntwikkele, bygelyks de rotortechnyk foar helikopters.
Ek de technology dêr't de magneettrein op basearre is, is fan syn hân.

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Ludwig Bölkow: Der Zukunft verpflichtet. Erinnerungen. 2. durchgesehene und erweiterte Neuauflage, Herbig, München/Berlyn 2000, ISBN 3-7766-2145-1.
  • Kyrill von Gersdorff: Ludwig Bölkow und sein Werk. Ottobrunner Innovationen. 2., erweiterte Auflage, Bernard & Graefe, Bonn 2002, ISBN 3-7637-6124-1.
  • Ludwig-Bölkow-Stiftung (Hrsg.): Von der Vision zur Realität. Festschrift anläßlich des 100. Geburtstages von Ludwig Bölkow. Ludwig-Bölkow-Stiftung, Ottobrunn 2012, gjin ISBN (PDF)