Springe nei ynhâld

North American B-25 Mitchell

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan North American B-25 J Mitchell)
North American B-25 Mitchell


Rol Middelswiere bommesmiter
Makker North American Aviation
Untwerper
Earste flecht 19 augustus 1940
Yn tsjinst 1941
Ut tsjinst 1979 (Yndoneezje)
Tal makke 9.816 (1941-1945)
Grutste brûkers United States Army Air Forces, Royal Air Force, Sowjet Loftmacht, United States Marine Corps
Farianten B-25, B-25A, B, C, D, XB-25E, XB-25F—A, XB-25G, B-25G, H, J, TB-25—A, D, G, C, J, K, L, M, N, VB-25J—A, CB-25J, ZB-25C, D, ZXB-25E, PBJ-1C, D, PBJ-1G, H, J
B-25 falt skippen oan op in mysje yn Nij- Guinea

De North American B-25 Mitchell wie in Amerikaanske middelswiere twamotorige bommesmiter. Yn de Twadde Wrâldkriich waard se op alle fronten ynset, mat it meast boppe de Stille Oseaan. Der hawwe yn de rin fan de oarloch tal fan oanpaste ferzjes tsjinne. Nei de oarloch hat it deugdlik tastel by tal fan oare loftmachten tsjinne. De B-25 hat totaal sa'n 40 jier operasjoneel west. De B-25 waard ferneamd nei generaal Billy Mitchell, in pionier op it mêd fan de Amerikaanske militêre fleanderij. Doe't de produksje fan de Mitchell ophold, wiene der benei 10.000, yn tal fan farianten, fan makke.

De earste B-25 hie in geskutskoepel op de romp foaroan by de cockpit en oan beide kanten fan de romp geskutsramen en in frijwat platte búkkoepel. Under en oan de sydkanten fan de cockpit sieten 3 kear twa 12,7 mm mitrailleurs dy't nei foaren rjochte wiene.

De B-25 dy't april 1942 de ferneamde oanfal op Tokio útfierden, laat troch Doolittle en bedoeld om Japan in morele wan op 'e bealch te jaan, of faaks mear om de Amerikanen in hert ûnder de riem te stekken, wienen B-25's fan dat type. Sy gienen fan it fleandekskip "USS Hornet (CV-8)" de loft yn, útsûnderlik omdat de tastellen dêr net foar ûntwurpen wienen.

Yn de Slach by Midway wienen it B-25s dy't it Japanske fleandekskip "Akagi" útskeakelen.

Fan de C-ferzje ôf oan krigen de B-25's in geskutsnoaskoepel, wat de "gewoane" B-25 net hie. De geskutskoepel boppe op de romp kaam mids-efter te stean en de B-25 C hie no in sturtskutterspost yn it plak fan de geskutsramen. De bûkskutterspost ûntbruts by dizze ferzje.

Techyske feiten en prestaasjes B-25 J

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
B-25J Mitchell
B-25Bs oan board fan de USS Hornet by de Doolittle Raid
Mitchell Mark III fan de RAF
  • Rol: Middelswiere bommesmiter
  • Bemanning: 6 (2 piloaten, navigator/bomrjochter, koepelskutter/boardwurktúchkundige, radio-telegrafist/skutter, sturtskutter)
  • Lingte: 16,10
  • Hichte: 4,80
  • Spanwiidte: 20,60
  • Wjukoerflak: 57
  • Leechgewicht: 9580 kg
  • Brânstof: 15200 kg
  • Maksgewicht: 19000 kg
  • Motor: 2× Wright R-2600 "Cyclone" radiaalmotoren, 1850 hk it stik
  • Topfaasje: 442 km/o
  • Krúsfaasje: 370 km/o
  • Fleanbrik: 4300 km
  • Aksjeradius: 2170 km
  • Tsjinstplafond: 7600 m
  • Klimfaasje: 4 m/sek
  • Boardgeskut: 12 × 12,7 (.50) mm masinegewearen
  • Bomlading: 2700 kg