M2 Browning

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan .50)
Browning .50 op M3 statyf

De M2 Browning is in swiere mitrailleur dy't ûntwurpen is tsjin de ein fan de Earste Wrâldkriich troch John Browning.

Namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It masinegewear hat as bynamme Ma Deuce, ôflaat fan: M2, mar wurdt troch de Amerikanen gewoanwei "Fifty-Cal." neamd nei it kaliber. Yn Nederlân wurdt it wapen Punt Fyftich neamd. De offisjele beneaming foar it ynfanterytype fan hjoed-de-dei is: Browning Machine Gun, Cal. .50, M2, HB, Flexibel.

Tapassing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De M2 brûkt .50 inch (12,7 mm)-patroanen. It wapen is effektyf tsjin ynfantery, licht bepânsere reau en boaten, lichte fersterkingen en leechfleanende fleanmasines, ôfhinklik fan it soarte munysje dat brûkt wurdt.
It Browning-masinegeweer wurdt in protte tapast op reau en earder ek as fleanmasinebewapening troch de Feriene Steaten fan 1920 ôf. Bygelyks de bommesmiter Boeing B17, it "Fleanend fort" en de jager P 51 “Mustang", hiene de .50 as wapen. It wapen waard in soad brûkt yn de Twadde Wrâldkriich, de Koreaanske Kriich, de oarloch yn Fietnam en de operaasjes yn Irak yn de jierren 1990 oant 2000.

De M2 is de primêre swiere mitrailleur fan de NAVO-lannen en wurdt ek brûkt troch in protte oare lannen. De M2 waard langer brûkt as hokker oar lyts wapen ek út it FS-arsenaal. De M2 wurdt op it heden produsearre troch General Dynamics en Fabrique Nationale de Herstal (FN) út Belgje, ûnder oaren foar de Amerikaanske oerheid. FN is as mei-fabrikant keazen omdat John Browning dêr wurke hat oan it begjin fan de 20e iuw.