Fabrique Nationale de Herstal

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Logo fan Fabrique Nationale de Herstal
Yngong fan FN

Fabrique Nationale de Herstal (FN) is in wrâldferneamde produsint fan fjoerwapens. It haadkantoar sit yn Herstal (België). It Waalsk Gewest is eigner fan it bedriuw.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stand fan FN Hersal, 1929

De Fabrique Nationale d 'Armes de Guerre waard 1889 oprjochte mei it doel 150.000 Mauser-gewearen te meitsjen foar de Belgyske steat.

Al fan 1898 ôf oan hie FN in goede ferhâlding mei John Browning en tegearre makken se tal fan ferneamde wapens, ûnder oare de Browning-pistoalen. De M 1910 fan John Browning dy't by Fabrique Nationale de Herstal makke waard, waard brûkt foar de moard op Frâns Ferdinand fan Eastenryk, dy't ta de Earste Wrâldoarloch liede soe.
Fan 1940 oant 1944 makke FN ûnder de Dútske bsetting wapens en munysje foar de Wehrmacht mei it stimpel ch.
In 1989 nam FN Herstal USRAC oer, de fabrikant fan de ferneamde Winchester gewearen en waard ek de eigner fan Browning Arms Company, beide Amerikaanske wapenprodusinten.

It Waalsk Gewest is sûnt 1997 foar 100% eigner en hat dy oandielen ûnderbrocht by har partisipaasjemaatskippij Sogepa, de Société Wallone de Gestion et de Participations.

Auto's en motorfytsen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken wapens hat FN ek motorfytsen, automobilen en frachtweinen makke.

Yn 1900 sette FN út ein mei de produksje fan auto's. Neist elegante limûsines waarden ek sportweinen makke. Oant de Earste Wrâldkriich koe FN goed meikomme mei konkurinten, mar dêrnei mist men de slach. Der waard besletten om him op it meitsjen fan motorfytsen en wapens ta te lizzen. Motorfytsen waarden oant 1965 boud. Teffens binne in skoft strielmotoren fan Rolls Royce yn lisinsje boud.

Wapens makke troch FN[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

FN Five-seveN
Gravueres op in FN Browning GP35
Munysjedoas mei logo

De folgjende wapens wiene in FN-ûntwerp:

Pistoalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Revolvers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Masinepistoalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Heilgewearen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Net-automatyske gewearen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Healautomatyske gewearen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Masinegewearen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Spesjale gewearen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • FN 303 (luchtdrukprojektyllansearder)
  • FN EGLM (granaatlansearder foar fêstmeitsjen op SCAR)

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • The FN FAL Explained (Download) fan Gerard HENROTIN (H&L Publishing - HLebooks.com 2004)
  • The FN High Power Explained (Download) fan Gerard Henrotin, (H&L Publishing - HLebooks.com, 2003)
  • The FN Browning Models 1910 - 1922 Explained" (dellade) fan Gerard HENROTIN (H&L Publishing - HLebooks.com - 2006)
  • The FN Browning Model 1906 Vest Pocket Explained" - Downloadable ebook fan Gerard HENROTIN (H&L Publishing - HLebooks.com - 2007)

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]