Fokker S.11

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Fokker S.11

De Fokker S.11 Instructor is in ienmotorige lesfleanmasine mei twa sitplakken en propelleroandriuwing. De fleanmasine hat in Lycoming O-435-A boksermotor mei in fermogen fan 190 hk.

Yn dit twadde nei-oarlochske ûntwerp van Fokker sitte de ynstrukteur en de learling neist elkoar. It prototype, de PH-NBE, waard op 18 desimber 1947 troch Gerben Sonderman ynflein.[1]

Bysûnder oan dit tastel binne de grutte cockpit en de knikte poaten fan it lâningsgestel. Efter de sitplakken sit in bagaazjeromte, in tredde stoel of in ekstra brânstoftank fan 114 liter.[2] Dizze lesfleanmasine waard brûkt troch de Keninklike Loftmacht en de Keninklike Marine. Teffens waard it ferkocht oan Israel en yn lisinsje boud yn Itaalje en Brazylje.[3].

Fokker S.12

De S. 12 wie in ferzje mei in noastsjel..[4]

Feiten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Bemanning: 2
  • Lingte: 8,15 m.
  • Spanwiidte: 11,0 m.
  • Hichte: 2,40 m.
  • Wjukoerflak: 18,5 m²
  • Leechgewicht: 810 kg.
  • Maksgewicht: 1.100 kg.
  • Motor: 1 Lycoming O-435-A fan 190 hk
  • Topfaasje: 209 km/o.
  • Krúsfaasje: 165 km/o.
  • Klimfaasje: 198 m/min.
  • Fleanberik: 580 km.
  • Tsjinstplafond: 3,850 km.

Brûkers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fergelykbere fleanmasines[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (ned) Hooftman, Hugo - Fokker, Neerlands grootste vliegtuigbouwer- Arti, Alkmaar
  2. (ned) Fokker Four website Rieplachte op 30 jannewaris 2010
  3. 3,0 3,1 (ned) Alting, Peter - Fokkers in uniform, driekwart eeuw militaire Fokkervliegtuigen - Rebo, Sassenheim, ISBN 90-366-0352-8
  4. Jane's Encyclopedia of Aviation, Londen 1980
  5. Garavini, Daniele. Aermacchi M.416 Rieplachte op 30 jannewaris 2010