Mezquita-Catedral de Córdoba

Ut Wikipedy
Santa María Madre de Dios
Lokaasje
lân Spanje
regio Andalûsje
plak Kordoba
koördinaten 37° 52'N 4° 46'E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-katolike Tsjerke
bisdom Kordoba
patroanhillige Marije
Arsjitektuer
boujier 784 tot 987
boustyl moarske arsjitektuer, gotyk
Webside
mezquita-catedraldecordoba
Kaart
Mezquita-Catedral de Córdoba (Spanje)
Mezquita-Catedral de Córdoba

De Mezquita-Catedral de Córdoba ('Moskee-Katedraal fan Kordoba') of Mezquita de Córdoba ('Moskee fan Kordoba') of de Catedral de Santa María Madre de Dios (Katedraal fan de Hillige Mem fan God) is sûnt de reconquista de roomsk-katolike katedraal fan Kordoba, Spanje.

Mezquita is Spaansk foar moskee en it bouwurk wie yn it tiidrek fan al-Andalus, it moarske Spanje, de belangrykste moskee fan de stêd. De ûnbidich grutte gebedsromte is ferdield yn 19 like hege skippen en 36 traveeën. Ferskillende emirs en kalifen fan Kordoba makken it bouwurk jimmeroan grutter en mei in oerflak fan 23.000 m² heart it ta de grutste religieuze gebouwen fan de hiele wrâld.

Yn de 16e iuw waard yn de gebedsromte in goatyske basilyk tafoege; wylst de minaret troch in klokketoer ferfongen waard.

Sûnt 1984 wurdt de katedraal ta it wrâlderfgoed fan UNESCO rekkene. Yn it gebou hat ek it kapittel fan it bisdom Kordoba syn sit en fanwegen de funksje as katedraal wurdt yn it gebou allinne de fiering fan de katolike ritus tastien.

Bouwurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De katedraal is tsjintwurdich 179 meter lang en 134 meter breed. Mei in oerflak fan mear as 23.000 m² is it ien fan de grutste religieuze bouwurken fan 'e wrâld. De gebedsromte easket likernôch twatredde fan it oerflak op. De hôf waard yn de tiid fan de iere islaam ek ta gebedsromte rekkene.

Hoefizerbôgen

Karakteristyk foar de gebedsromte binne de oerinoar lizzende hoefizerbôgen, dy't op 856 pylders fan jaspis, oniks, moarmer en granyt rêste. De pylders stamme oarspronklike foar in grut part fan romeinske gebouwen, sawol fan de eardere romeinske timpel dy't op deselde lokaasje stie as ek fan oare romeinske gebouwen út de provinsje Baetica. De haadas fan de moskee wiist nei it súd-súdeasten, dus net krekt yn 'e rjochting fan Mekka. Om't de lêste útwreiding fan de gebedshal en foarhôf allinne oan de sydkant mooglik wie, stiet de mihgrab (preekstoel) net mear yn de middenas, de gebedsromte is sadwaande breder as lang. Oars as in soad moskeeën fan lettere tiid hat de gebedsseal mar trije lytse koepels, dy't foar de mihrab situearre binne.

De haadas fan de yn 'e 16e iuw midden yn de gebedsromte boude tsjerke leit dwers op de haadas fan de moskee en wiist nei it easten-noardeasten. De tsjerke is in basilyk yn de foarm fan in latynsk krús mei op de krusing in koepel. De tsjerke nimt tsien skippen en tolve traveeën fan de gebedsromte yn beslach en is dus likernôch heal sa lang as de moskee breed is en in tredde breed as de gebedshal lang is.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bouskema

Mei de bou fan de moskee waard nei de Moarske ferovering fan Spanje yn it jier 784 ûnder emir Abd al-Rahman I útein set. Op it plak stie earder in romeinske timpel en letter ek in tsjerke, dy't by de ferovering fan de stêd troch de moslims fernield waard. Yn de twa iuwen dêrnei waard de moskee fergrutte. Under Abd al-Rahman II waard de oarspronklik alveskippige gebedsseal fergrutte. Emir Abdallah ferbûn yn in tiid fan ûnrêst en yntriges mei in soad geweld it paleis mei de moskee troch in oerdekte pazaazje, sa hope er oanslaggen te foarren te kommen. Syn pakesizzer en opfolger Abd al-Rahman III liet him op 17 jannewaris 929 yn de moskee ta kalyf útroppe. Hy joech opdracht ta de bou fan in nije minaret en fergrutte de hôf fan de moskee. Under syn 50-jierrich bewâld feroare Kordoba fan in provinsjestêd yn in metropoal en de haadstêd fan it kalifaat Kordoba.

Mihrab

De bou fan de ûnbidich grutte paleizestêd Madīnat al-Zahra westlik fan de stêd feroarsake in grutte befolkingsgroei fan frije boargers en slaven. Nei't de stêd oer de grins fan 100.000 ynwenners gyng, liet al-Hakam II de gebedshal ferdûbelje. Ut dy tiid stamme de hoefizerbôgen, de pylders binne lykwols folle âlder en datearje fan romeinske bouwurken. Mei de oanbou fan nochris acht skippen ûnder Al-Mansur krige de moskee yn 987-988 syn hjoeddeiske omfang. De ûnder Al-Mansur útfierde útwreiding is lykwols kwalitatyf net mei de bou troch syn foargongers te ferlikenjen. Lykas by de bou fan syn paleisstêd al-Madīnatu al-Zāhira (de bloeiende stêd) waarden minder heechweardich materiaal brûkt en ienfâldige techniken tapast. Njonken de bûtenskippen fergrutte Al-Mansur ek de moskeehôf mei de saneamde sinesappelhôf (Spaansk: Patio de Naranjas).

Katedraal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Haadalter

Op 29 juny 1236 ferovere Ferdinand III fan Kastylje Kordoba werom en noch itselde jier waard de moskee as katedraal fan it bisdom ynwijd. Op de minaret waard in krús set en de iepen arkades fan de hôf waarden sletten. Opfolger Alfons X joech opdracht ta de bou fan de Villaviciosa-kapel en de keninklike kapel. Ek dy syn opfolgers brochten fernijingen oan it bouwurk oan.

De earste iuwen bleaune beheind ta lytsere feroaringen en de earste dy't de bou fan in goatysk tsjerkeskip neistribbe wie biskop Don Íñigo Manrique (1486–1496). Mar it duorre noch oant 1523, doe't ûnder biskop Don Alonso Manrique lang om let yn 1523 útein set waard mei de bou fan de tsjerke. De stedsried fielde net in soad foar de nijbou, mar kening Karel I joech stipe oan it projekt. Foar de nije tsjerke waarden yn it middendiel 400 pylders ferwidere. Under biskop Diego de Mardones waard de nije tsjerke foltôge. Fan 1593 oant 1664 waard boppedat de minaret troch in klokketoer ferfongen.

Islamityske claims[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Koepel by de mihrab

Sûnt 2004 krewearje moslims der foar om de drokbesochte katedraal ek as moskee te brûken. Yn 2006 sei de doetiidske biskop Juan Jose Asenjo dat in dûbele funksje fan it gebou foar betizing ûnder moslims en katoliken soarget; in mienskiplik gebrûk fan de katedraal soe neffens him boppedat it ynterreligieus debat net befoarderje. Syn opfolger Demetrio Fernández González skerpe de regels oan, mar dy koene yn 2010 net tefoarren komme dat der ûnder in groep fan 120 islamityske toeristen guon wiene, dy't dochs yn de katedraal begûnen te bidden, sadat der opskuor ûntstie doe't hja harren net oan de regels hâlde woene en it ta deilis kaam.[1] Nei't yn 2013 moslims en linkse aktivisten 350.000 handtekeningen ynsammele hiene foar it ôfnimmen fan it tsjerklike eigendomsrjocht fan de katedraal, rjochte it regear fan Andalûsje in wurkgroep op om nei te gean of it gebou in ynterreligieuze funksje krije kin. Neffens biskop Demetrio Fernández González soargje de Spaanske wetten der lykwols foar dat der gjin beslach op de katedraal lein wurde kin. Neffens moslims yn Kordoba sels wurdt de striid fral fanút de Arabyske wrâld oanfjurre.[2]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel fan de katedraal waard yn 1702 troch de oargelbouwer José Martínez Colmenero boud. It ynstrumint waard foar it lêst yn 1998 troch de oargelboufirma Organería Acitores restaurearre.

It yntrumint is yn in bas- en diskant-kant ferdield en hat 25 registers oan de baskant en 29 registers op de diskant-kant mei noch twa registers yn it pedaal.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: [:de:Mezquita-Catedral de Córdoba]