Springe nei ynhâld

Kordoba (Spanje)

Ut Wikipedy
Kordoba (Spanje)
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Spanje Spanje
regio Andalûsje
provinsje Kordoba
Sifers
Ynwennertal 319.515 (2022)
Oerflak 1.253 km²
Befolkingsticht. 255 ynw./km²
Hichte 70-692 m
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 37° 53'N 4° 46'W
Offisjele webside
Webstee
Kaart
Kordoba (Spanje)
Kordoba

Kordoba (Spaansk: Córdoba) is in stêd yn Andalûsje yn it suden fan Spanje en de haadstêd fan de provinsje mei deselde namme. De stêd leit op in hichte fan 122 meter boppe seenivo oan de rivier de Guadalquivir en oan de foet fan it berchtme Sierra Morena.

De stêd ûntstie as romeinske delsetting en waard dêrnei bewenne troch de Fisigoaten. Nei de ynfal fan de moslims yn de 8e iuw ûntwikkele de stêd him ta ien fan de belangrykste stêden fan 'e wrâld, yn de 10e iuw wie it sels de op ien nei grutste stêd mei in doe útsûnderlik heech ynwennertal fan om en de by 500.000. Kordoba wie de haadstêd fan it midsiuwske emiraat Kordoba, letter it kalifaat Kordoba. Ut dat tiidrek binne in soad monuminten bewarre bleaun, werfan't de Mezquita-Katedraal de bekendste is.

Nei't de kristenen de stêd yn 1236 op de moslims werom feroveren, waard Kordoba ûnderdiel fan it keninkryk Kastylje. Sûnt 1984 stiet it histoaryske sintrum op de wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Kordoba heart ta de waarmste stêden fan Europa en de trochsnit temperatuer is yn july en augustus om 37 °C hinne. De simmers binne drûch en winterdeis is it myld mei regelmjittich rein.

Fanwegen Spanje's koloniale ferline hawwe in soad plakken yn Midden - Súd-Amearika de namme Kordoba. De bekendste dêrfan is Kordoba yn Argentinië.

Resten romeinske timpel fan Kordoba

De earste delsettings oan de Guadalquivir geane werom op de 8e iuw foar Kristus. Yn 206 namen de Romeinen Kordoba yn. Yn it jier 1699 foar Kristus (of 152 f. Kr.) stifte de romeinske konsul Marcus Claudius Marcellus (de pakkesizzer fan Marcus Claudius Marcellus, dy't sawol oer Hispania Ulterior en Hispania Citerior hearske) njonken de al besteane delsetting in romeinske koloanje, dy't letter bekend waard as Colonia Patricia. Fanwegen de trou oan Pompejus liet Caesar de stêd yn 45 f.Kr. ferniele en Augustus stjoerde betûfte soldaten om it plak wer te ûntwikkeljen. It waard de haadstêd fan Baetica; Kordoba krige in foarum en timpels en de stêd waard in kultureel en yntellektueel sintrum yn Hispania Ulterior.

Yn de letromeinske tiid wie yn de 4e iuw Kordoba's biskop Ossius (Hosius) de lieder fan de Westlike Tsjerke. Letter wie Kordoba in belangryk plak yn de Provincia Hispaniae fan it Byzantynske Ryk (552–572) en yn de 6e iuw oermasteren de Fisigoaten it gebiet.

Islamitysk bestjoer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 711 of 712 oerfoelen de moslims de stêd en Kordoba waard fuort ûnder Arabysk bestjoer set. Yn 716 ferfong Kordoba Sevilla as haadstêd fan de provinsje ûnder it kalifaat Damaskus. Yn it Arabysk krige de stêd de namme قرطبة (Qurṭuba). De sintra fan de romeinske en fisigoatyske delsettings waarden feroare yn in ommuorre medina. Yn de rin fan de tiid soene om de medina sa'n 21 wiken om de stêd groeie. Yn 747 fûn by Kordoba in fjildslach plak (de Slach om Saqunda) wêrby de Arabyske Jemeniten it opnamen tsjin de noardlike Qays.

Ynterieur fan de Grutte Moskee

Nei de ferdiuwing fan de Omajaden troch de Abbasiden nei it jier 750, stiek de Omajadyske prins Abd al-Rahman by syn flecht yn 756 de see oer nei it Ibearyske Skiereilân. Hy rôp himsels dêr as emir út en fêstige in dynasty yn Kordoba nei 't er by in slach bûten de stêd yn maaie 756 wāli Yusuf fersloech. Yn de jierren 785-786 joech er opdracht foar de bou fan de Grutte Moskee fan Kordoba, dy't it oare jier al foltôge wie en troch syn opfolgers letter fergrutte waard.

Neffens rûzings fan skiedkundiigen soe de befolking yn de 9e iuw tusken de 75.000 en 160.000 lein ha. In wrede ûnderdrukking fan in opstân yn 818 yn it suden fan Kordoba late ta de ferneatiging fan dat diel fan de stêd. Yn de 10e en 11e iuw wie Kordoba ien fan de belangrykste kulturele, politike, finansjele en kulturele sintrum fan 'e wrâld. It wie ek in wittenskiplik sintrum mei mear as 80 bibleteken en opliedingssintra mei kennis oer genêskunde, wiskunde, astronomy en botany, dy't yn dy tiid de rest fan Europa yn it skaad stelde.

Letter ferbaarnde de fizier Al-Mansur - dy't fan 976 oant 1002 oer Al-Andalûs hearske - de measte boeken oer filosofy út de bibleteek fan kalyf Al-Hakam II om by de soennityske rjochtsgelearden yn in goed boekje te kommen. De measte oaren waard net lang dêrnei ferkocht of rekken by de strideraasjes fan in noch te folgjen boargerkriich wei.

Dirham út de tiid fan Abd al-Rahman III
Kaart fan it kalifaat fan Kordoba

Nei in tiid fan weak gesach kaam Abd ar-Rahman III yn 912 as emir oan de macht en yn in lange en systematyske kampanje brocht er Kordoba yn Al-Andalûs wer ûnder sintraal gesach. Hy fielde him yn 929 sterk genôch om himsels ta kalyf út te roppen, in titel wermei't er de Abbasidyske kalifen yn Bagdad en de Fatimidyske kalifen yn Noard-Afrika wist út te dagen. Dat late in tiidrek yn fan it hichtepunt fan Kordoba's macht en ynfloed. Yn de 10e iuw waard twa paleizestêden yn de omkriten fan Kordoba boud: yn it westen de troch Abd ar-Rahman III boude Madinat al-Zahra en eastlik de letter troch al-Mansur boude Medina Alzahira. Hoefolle ynwenners de stêd doe hie is net bekend, mar rûzings rinne fan 100.000 oant 1.000.000. Hoe heech dat ynwennertal dan ek wie, oan de groei fan de stêd kaam nei de krisis fan 1009 abrupt in ein.

Op 15 febrewaris 1009, doe't Hisham II kalyf en Sanchuelo hajib wie, briek der in revolúsje út yn Kordoba, mei as gefolch it útroppen fan in alternative kalyf. In lange boargerkriich yn Al-Andalûs folge, de Fitna fan Al-Andalûs. Berbers foelen yn maaie 1013 de stêd oan en plonderen dy. De lêste kalyf fan Kordoba Hisham III waard op 30 novimber 1031 út Kordoba ferdreaun en it kalifaat waard ferfongen troch in olgargyske republyk (taifa).

It krompen gebiet fan de Taifa Kordoba

Yn de 11e iuw hie Kordoba net folle mear te sizzen oer de omkriten; yn it gebiet fan it eardere kalifaat kamen oare stêden op en tocht wurdt dat der yn dy tiid noch sa'n 65.000 minsken yn Kordoba wennen. Troepen fan de Taifa Sevilla moasten yn 1070 Kordoba helpe te ferdigenjen tsjin in belis fan Al-Mamun, de hearsker oer Toledo. It holp net want de stêd waard dochs ynnommen en de lêste hearsker fan de Taifa Kordoba, Abd-Al Malik, waard ferballe. Op 15 febrewaris 1075 teach Al-Mamum triomfantelik de stêd yn om dêr hast fiif moanne letter - nei alle gedachten troch fergiftiging - te ferstjerren. Kordoba waard mei geweld yn maart 1091 troch de Almoraviden oermastere. Yn 1121 kaam de befolking yn opstân tsjin it misstannen fan de Almoravidyske gûverneur. De fijannen fan de Almoraviden, Ibn Mardanīš en syn styfheit Ibrahim Ibn Hamusk sochten gearwurking mei Alfonso VIII fan Kastylje en besochten de stêd yn de jierren 1158–1160 yn te nimmen, mar sûnder sukses.

De Almohadyske kalyf Abdallah al-Adil beneamde Al-Bayyasi ta gûverneur fan Kordoba yn 1124, mar moast konstatearje dat de gûverneur mei Kordoba syn eigen gong gie, him ûnôfhinklik fan de kalyf opstelde en Ferdinand III fan Kastylje frege om help. In jier of wat letter, yn 1229, joech de stêd him ûnder it gesach fan Ibn Hud del en nei't de stêd him ôfdie socht Kordoba oansluting by Muhammad Ibn al-Aḥmar, hearsker fan Arjona en oansteande emir fan Granada.

De 'Iglesia de Santa Marina de Aguas Santas' is ien fan de tsjerken dy't nei de oermastering fan de stêd boud waard

Op 29 juny ferovere Ferdinand III de stêd nei in belis fan in pear moannen de stêd werom op de moslims. Neffens Arabyske boarnen foel Kordoba op 23 Shawwal 633 (30 juny 1236, in dei letter as yn de kristlike tradysje). Nei't Ferdinand de stêd yn hannen hie, liet er de grutte moskee feroarje yn in katolike katedraal en oan de hillige Jongfaam wije. Santiago de Compostella krige syn tsjerkeklokken werom, dy't Almanzor yn 997 by syn plondertocht nei de foar kristenen hillige stêd stellen hie. Kristlike slaven moasten nei de ferneatiging fan Santiago de Compostella de klokken op harren skouders nei Kordoba drage en as wraak liet Ferdinand III nei de oermastering fan Kordoba moslims de klokken werom drage nei Santiago de Compostella.[1] Ferdinand III ferliende Kordoba in fuero en de stêd waard in bouplak foar tal fan nije tsjerken.

Vista de Córdoba - Siglo XVI

De stêd makke yn de kontekst fan de iermoderne tiid syn gouden tiid tusken 1530 en 1580 mei troch de hannel yn lânbouprodukten en tekstyl. Yn dy tiid waard ek in goatyske tsjerke yn de eardere moskee ynboud. Dêrnei stûke de opgong en folge in tiid fan delgong.

Kordoba yn de 19e iuw

Yn de 18e iuw hie Kordoba noch mar 20.000 ynwenners en pas oan it begjin fan de 20e iuw sette wer in tiid yn fan in tanimmende befolking en mear ekonomyske groei. Yn de twadde helte fan de 19e iuw waard Kordoba oansletten op it spoar nei Sevilla. Eefkes letter krige Kordoba ek in ferbining mei Jerez en Cádiz (1861), Madrid (1866) en lang om let Málaga en Belmez.

Op 18 juli 1936 late de militêre gûverneur fan de provinsje, kolonel Ciriaco Cascajo, de nasjonalistyske steatsgreep yn Kordoba. De pûtsjisten krigen te meitsjen mei ferset fan politisi en sosjale fertsjintwurdigers, dy't har yn de oerheidsgebouwen skûl holden, oant it nasjonalityske gewearfjoer en de oanwêzigens fan artillery it ferset briek en nei 't de ferdigeners harren út de fuotten makken, moast de boargerlike gûverneur Rodríguez de León him oerjaan. Yn de wiken dêrnei folge in hurde ferfolging ûnder de tsjinstanners, werby't 2.000 minsken waarden eksekutearre. De dêropfolgjende Franco-represje yn de kriichstiid en fuort nei de kriich (1936-1951) hat nei rûzing ta likernôch 9.500 moarden yn de provinsje laat.

De katedraal fan de stêd waard yn 1984 in UNESCO-monumint en yn 1994 waard dy status oan it hiele histoaryske sintrum fan Kordoba jûn.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Palatium Maximiani

De romeinske brêge oer de Guadalquivir ferbynt de Campo de la Verdad mei Barrio de la Catedral. Oarspronklik wie it de iennige brêge fan de stêd oant healwei de 20e iuw de San Rafael-brêge boud waard. De brêge waard yn de earste iuw f.Kr. boud ûnder keizer Augustus, mar yn de 8e iuw foar in belangryk diel ferboud ûnder Omajadysk bestjoer. De brêge is 250 m lang en hat 16 bôgen.

Oare romeinske gebouwen binne de romeinske timpel, it teäter, it mausoleum, it koloniale forum (Foro colonial), it Forum Adiectum, in amfiteäter en de resten fan it paleis fan keizer Maksimianus op de argeologyske lokaasje Cercadilla.

Islamitsyke tiid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Moskee-Katedraal

Yn de hjoeddeiske katedraal binne grutte dielen fan de Grutte Moskee fan Kordoba bewarre bleaun. De moskee waard tusken 784-785 boud en de islamityske arsjitektuer yntegrearre eleminten fan de romeinske en fisigoatyske arsjitektuer. Lettere hearskers wreiden de moskee út en nei de reconquista waard de moskee sûnder al te grutte feroarings in katedraal. Pas yn de 16e iuw waard yn de moskee in goatyske katedraal ynboud.

De minaret fan San Juan.

De minaret waard yn it jier 930 boud en de moskee dy't der by stie waard letter ferfongen troch in tsjerke. De islamityske arsjitektuer fan de minaret is lykwols bewarre bleaun.

Wettermûnen oan de Guadalquivir
Ien fan de wettermûnen

Oan de kant fan de Guadalquivir steane ferskillende wettermûnen út ferskillende tiden.

De Calahorra toer

De Calahorra is in fortifisearre toer oan it súdlike ein fan de romeinske brêge. De oarspronklike bou stamt út de Almohadyske tiid. Yn de toer is it 'Museo Vivo de Al-Andalus' ûnderborcht.

Baden fan it kalifaat

By de Alcázar de los Reyes Cristianos binne de baden fan it kalifaat, in foar in diel rekonstruearre hamam dat út de 10e iuw datearret en letter ferskillende kearen fergrutte waard. De argeologyske lokaasje is sûnt 2006 iepen as in museum.

Medina Azahara

Bûten it sintrum leit de argeologyske lokaasje Madinat al-Zahra, de 10-iuwske paleizestêd. Sûnt 1911 wurdt der ûndersyk dien.

Tichteby de katedraal leit de joadehoeke fan Kordoba (Judería de Córdoba). It is in gebiet mei in ûnregelmjittich strjittepatroan dat foar in diel de midsiuwske sfear bewarre hat. Yn de wyk binne in museum, de Casa de Sefarad en de synagoge út 1315 te sjen.

Kristlike arsjitektuer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om de âlde stêd hinne lizze de romeinske muorren mei de poarten Puerta de Almodóvar, Puerta de Sevilla en Puerta del Puente, de trije poarten dy't fan de oarspronklike 13 oerbleaun binne. Under de tuorren binne te neamen de Malmuerta toer, Torre de Belén en de Puerta del Rincón's-toer.

Alcázar de los Reyes Cristianos

Eastlik fan de katedraal is de herberch Posada del Potro, dy't in rol spile yn literêre wurken lykas "Don Quichot" en "La Feria de los Discretos". De herberch bleau oant 1972 syn funksje hâlden. Net sa fier fan dat plak is de Arco del Portillo, in 14e-iuwske bôge. Yn de meast súdwestlike hoeke fan de âlde stêd is it Alcázar de los Reyes Cristianos (Kastiel fan de Kristlike keningen), it yn opdracht fan Alfons XI fan Kastylje yn 1328 boude paleis, dat as residinsje tsjinne foar Isabella I fan Kastylje en Ferdinand II fan Aragon.

De stêd telt noch in grut tal tsjerken, dy't troch Ferdinand III fan Kastylje boud binne nei't dy de stêd werom ferovere op de moslims. Dêrnjonken binne ek der noch oare tsjerken dy't ûnder syn opfolgers boud binne. It kleaster Santa Clare is it earste kleaster dat boud waard nei de reconquista op it plak fan een moskee út 976, dy't boud wie op it plak fan de 6e-iuwske Santa Catalina-basilyk. It kleaster Santa Cruz waard yn 1435 stifte en it kleaster Santa Marta yn 1464.

  • Museo Arqueológico y Etnológico de Córdoba (Argeologysk en Etnologysk Museum fan Kordoba)
  • Museo Julio Romero de Torres (mei de grutste samling fan wurken fan Julio Romero de Torres)
  • Museo de Bellas Artes de Córdoba (keunstmuseum mei it aksint op wurk fan keunstners út Kordoba en omkriten)
  • Palacio Episcopal de Córdoba, it biskoplike museum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en: Córdoba, Spain