Sjoerd Leiker
Sjoerd Leiker | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Menno Haarsma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 maaie 1914 | |
berteplak | Drachten | |
stoarn | 15 desimber 1988 | |
stjerplak | Hoarn | |
etnisiteit | Frysk | |
wurk | ||
sjenre | sjoernalist, skriuwer, dichter | |
perioade | 20e iuw | |
prizen | Marianne Philipspriis, Piter Jellespriis | |
offisjele webside | ||
Profyl dbnl |
Sjoerd Leiker (Drachten, 28 maaie 1914 - Hoarn, 15 desimber 1988) wie in Frysk skriuwer, dichter en fersetsman, dy't yn it Frysk en Nederlânsk publisearre.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Leiker hat in ûnderwizersoplieding folge. Hy wurke by in útjouwerij, yn de sjoernalistyk as sjef redakteur by Het Vrije Volk yn Ljouwert en by de radio (R.O.N.; Regionale Omrop Noard út Grins). Syn literêre debút makke hy mei in oantal gedichten yn De Vrije Bladen. Syn meast bekende wurk is de roman Drie getuigen, dy't ferskynde ûnder it pseudonym Menno Haarsma by de mei troch him opsette útjouwerij De Bezige Bij. In soad fan syn wurk giet oer de Twadde Wrâldoarloch. De ferhalen spylje gauris yn de Fryske Wâlden. Hy skreau ek harkspullen lykas Daar was de vrede, hier is de pijn.
Leiker boaske yn 1937 mei Margit Kis; syn krigen in dochter. Yn 1953 troude Leiker fannijs mei Kommerijn Gerittine Kooijmans, widdo fan NSB'er jhr. Johannes Anthony Boreel de Mauregnault. Yn 1992 waard troch widdo Leiker de Sjoerd Leikerpriis ynsteld dy't oant 3 septimber 2004 bestean soe.
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1940 - De laatste man (roman)
- 1941 - Johannes Wezeman (roman)
- 1941 - Zwarte Jan (roman)
- 1942 - Herinneringen aan een mens (ferhalen)
- 1944 - Drie getuigen (roman, ûnder it pseudonym Menno Haarsma)
- 1946 - Spionnen in het rijk van Attila (roman)
- 1949 - Buitengaats (novelle)
- 1953 - De voorspelling (roman)
- 1958 - Smalle bruggen naar de vrijheid (novelle)
- 1967 - De achtervolgers (roman)
- 1968 - Wachten bij de grens (roman)
- 1970 - Op blote voeten (roman)
- 1974 - In wolk fan tsjûgen (blomlêzing)
- 1980 - Het geweer naast de schemerlamp
- 1991 - De waterklok
Harkspullen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Het goud van Peru - útstjoerd: 25-12-1970
- De weg is de wereld - útsjoerd: 07-06-1973
- Daar was vrede, hier is de pijn - útstjoerd: 21-10-1973
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1971 - Marianne Philipspriis foar syn hiele oeuvre
- 1984 - Piter Jellespriis foar syn hiele oeuvre