Springe nei ynhâld

Tine Leiker-Kooijmans

Ut Wikipedy

Kommerijn Gerittine (Tine) Leiker-Kooijmans (De Haach, 31 jannewaris 1915 - Bilthoven, 24 juny 2008) wie in Nederlânsk skriuwster en oersetster.

Kooijmans wie in dochter fan Adriaan Kooijmans en Adriana Bakker. Sy boaske yn 1943 mei NSB-er jhr. Johannes Anthony Boreel de Mauregnault (1916-1947), lid fan de famylje De Mauregnault, en nei dy syn ferstjerren yn 1953 mei skriuwer-sjoernalist Sjoerd Leiker (1914-1988).

Fan 1959 ôf oan publisearre hja ferskate berne- of gesinsboeken ûnder de namme Tine Leiker-Kooijmans. Nei 1970 die hja hast alinne noch fertaalwurk.

Yn 1992 stelde se de Sjoerd Leikerpriis foar skriuwers boppe de 50 jier yn.

  • Tot ziens, grootvader. De Haach, 1959.
  • Kinderen van het schoolhuis. Amsterdam, 1960.
  • Het vluchtelingenkind. Amsterdam, 1964.
  • Straatslijpen in Hoorn. Wandelingen in een oude stad met straatnaambordjes als wegwijzers. Hoarn, 1974.