Meljean Brook
Meljean Brook | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Milla Vane | |
echte namme | Meljean Brook | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 6 augustus 1977 | |
berteplak | Dallas (Oregon) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, romantyk | |
bekendste wurk(en) |
Guardian-searje Iron Seas-searje | |
útjouwer | Berkley Books | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
meljeanbrooks.com www.millavane.com |
Meljean Brook (Dallas (Oregon), 6 augustus 1977) is in Amerikaansk skriuwster en boekbânûntwerpster. Hja publisearret ek boeken ûnder it pseudonym Milla Vane. Brook wennet op 't heden mei har gesin yn 'e stêd Portland, yn 'e Amerikaanske steat Oregon.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Brook waard yn 1977 berne yn Dallas, yn 'e Amerikaanske steat Oregon. Hja folge in oplieding Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Steatsuniversiteit fan Portland, dy't hja ôfsleat mei it beheljen fan in bachelortitel. Yn 2005 publisearre Brook har earste novelle, mei as titel Falling for Anthony, nei't boekeredaktrise Cindy Hwang fan 'e útjouwerij Berkley Books kontakt mei har opnommen hie. Dyselde hie nammentlik ferskate fanfiksjewurken lêzen dy't Brook op in ynternetfoarum pleatst hie.
Brook skriuwt útslutend fantasyliteratuer. Se hat benammen súkses hân mei de Guardian-searje en de Iron Seas-searje. De Guardian-searje heart ta it subsjenre fan 'e urban fantasy, fermongen mei romantyk. De Iron Seas-searje is sawol steampunk as alternate history (op 'e nij yn kombinaasje mei romantyk), wêryn't it Mongoalske Ryk sawol Jeraazje as Afrika ferovere hat mei oarlochsmasines en nanotechnology. Yn 'e roman The Iron Duke wurdt Ingelân fan 'e útlânske besetting befrijd troch it titelpersonaazje.
Fierders publisearret Brook ûnder it pseudonym Milla Vane ek wurken dy't ta de heroyske fantasy (en romantyk) hearre. Njonken har skriuwkarriêre ûntwerpt Brook ek omslaggen foar harsels en foar oare auteurs. Har ympressario is Nephele Tempest fan The Knight Agency. Yn 2010 wûn Brook de Romantic Times Reviewers' Choice Award yn 'e kategory paranormal romance/urban fantasy foar de roman The Iron Duke, en yn 2012 wûn se deselde priis yn 'e kategory boek fan it jier foar de roman Riveted.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]N.B.: ûndersteande titels binne romans, of it moat oars oanjûn wêze.
- Guardian
- 2005 – Falling for Anthony (novelle yn 'e blomlêzing Hot Spell)
- 2007 – Demon Angel
- 2007 – Paradise (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Wild Thing)
- 2007 – Demon Moon
- 2008 – Demon Night
- 2008 – Thicker Than Blood (koart ferhaal yn 'e blomlêzing First Blood)
- 2008 – Demon Bound
- 2009 – Demon Forged
- 2009 – Blind Spot (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Must Love Hellhounds)
- 2010 – Demon Blood
- 2011 – Demon Marked
- 2011 – Ascension (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Angels of Darkness)
- 2013 – Guardian Demon
- Iron Seas
- 2010 – The Iron Duke
- 2010 – The Blushing Bounder (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Wild & Steamy)
- 2011 – Heart Of Steel
- 2011 – Here There Be Monsters (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Burning Up)
- 2012 – Mina Wentworth And The Invisible City (novelle yn 'e foarm fan epilooch by de roman The Iron Duke)
- 2012 – Riveted
- 2012 – Tethered (novelle yn 'e foarm fan in epilooch by de roman Heart of Steel)
- 2013 – Salvage (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Enthralled)
- 2013 – Wrecked (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Fire & Frost)
- 2014 – The Kraken King (fúljetonroman)
- The Kraken King and the Scribbling Spinster
- The Kraken King and the Abominable Worm
- The Kraken King and the Fox's Den
- The Kraken King and the Inevitable Abduction
- The Kraken King and the Iron Heart
- The Kraken King and the Crumbling Walls
- The Kraken King and the Empress Eyes
- The Kraken King and the Greatest Adventure
- oare wurken ûnder de namme Meljean Brook
- 2009 – In Sheep's Clothing (koart ferhaal yn 'e blomlêzing The Mammoth Book of Paranormal Romance)
- 2011 – Forward (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Steamlust)
- 2011 – Rescue Me (koart ferhaal yn 'e blomlêzing Agony/Ecstasy)
- 2013 – Legends of Red Sonja
- 2014 – Frozen
- wurken publisearre ûnder de namme Milla Vane
- 2014 – The Beast of Blackmoor (novelle yn 'e blomlêzing Night Shift)
- 2014 – Silent Night (koart ferhaal yn 'e blomlêzing That's What I'm Talking About)
- 2016 – Vengeance
Prizen en nominaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2010 | Romantic Times Reviewers' Choice Award | wûn | bêste paranormal romance/urban fantasy-roman | The Iron Duke |
2012 | Romantic Times Reviewers' Choice Award | wûn | boek fan it jier | Riveted |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References and sources, op dizze side. |