Night Shift (ferhalebondel út 2014)

Ut Wikipedy
Night Shift
algemiene gegevens
auteur ferskaat
taal Ingelsk
foarm ferhalebondel
sjenre fantasy
1e publikaasje 2014, New York
oarspr. útjwr. Berkley Books
kodearring
ISBN 978-0 42 52 73 920

Night Shift is in blomlêzing yn 'e foarm fan in ferhalebondel. De titel betsjut "Nachtploech" (yn 'e sin fan 'e nachtploech fan in ploegetsjinst). It boek omfettet fjouwer novelles, dy't, neffens de tekst op 'e omslach, "in ljocht skine litte oer wat der nei tsjuster barre kin." Se binne spesjaal foar Night Shift skreaun troch Nalini Singh, Ilona Andrews, Lisa Shearin en Milla Vane. De novelles fan Singh en Andrews hearre ta it subsjenre fan 'e urban fantasy, wylst Shearin en Vane paranormal romance skriuwe. Night Shift waard yn 2014 publisearre troch de New Yorkske útjouwerij Berkley Books.

Novelles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  1. Nalini Singh, Secrets at Mignight
  2. Ilona Andrews, Magic Steals
  3. Lisa Shearin, Lucky Charms
  4. Milla Vane, The Beast of Blackmoor

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Singh, Nalini; Andrews, Ilona; Shearin, Lisa; en Vane, Milla, Night Shift, New York, 2014 (Berkley Books), ISBN 978-0 42 52 73 920.