Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:Robin van der Vliet

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.631 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Rus(h)more

[boarne bewurkje]

Dien, ta jo tsjinst. Drewes (oerlis) 26 aug 2015, 19.43 (CEST)[beäntwurdzje]

Biografyske ynfoboks

[boarne bewurkje]

Goeie, Van der Vliet. Ik sjoch dat jo mei biografyske ynfoboksen oan it pielen binne. Ik wol jo der even op wize dat wy hjir al in setsje biografyske ynfoboksen hawwe (sjoch it listke hjirûnder). Behalven dat dy estetysk oannimliker binne as jo testboks, hawwe dy ek it foardiel dat se taspitst binne op ferskillende fakgebieten en dat se net ôfhinklik binne fan 'e breklike ynformaasje dy't Wikidata leverje kin.

Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 sep 2016, 18.28 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie! Myn testboks brûkt no ek Berjocht:Ynfoboks generyk en is al in stik estetysk oannimliker. Dit berjocht kin miskien handich syn foar artikels dy noch gjin infoboks hawwe. Miskien kin it ek handich syn om stadichoan de besteande infoboksen ek Wikidata te litte brûken, op dizze manier kin de Fryske Wikipedy gebrûk meitsjen fan de grutte database Wikidata en kinne oare Wikipedys wer gebrûk meitsjen fan de ynfierde data oer Fryske dingen. Oer in pear jier is it yn elk gefal de bedoeling dat alle infoboksen út Wikidata komme foar alle Wikipedys. Ik bin de lêste tiid dwaande mei data út de Fryske Wikipedy ta te foegen oan Wikidata, ik bin sels al begûn oan in foar in diel oersetten fan de ynterfaasje en de haadside. Robin van der Vliet (oerlis) (bydragen) 3 sep 2016, 01.29 (CEST)[beäntwurdzje]
Achte Van der Vliet. Ik bin bang dat wy hjir in slim ferskil fan miening hawwe. Wat jo wolle, troch it beslissingsfoech oer ynfoboksen by Wikidata te lizzen, beskôgje ik as in ûnakseptabele ynbreuk op it selsbestjoer fan 'e Fryske Wikipedy, en ik sil my dêr mei hand en tand tsjin fersette. Ik haw der op 'e Fryske Wikipedy in ûntigelik soad tiid en enerzjy oan bestege om 'e ynfoboksen foar biografyen en oare dingen goed te krijen, en ik bin net fan doel om wurkeleas ta te sjen wylst al myn wurk teneate dien wurdt. Wikidata is begûn as in bewarplak foar ynterwiki's, en dat wie bêst, mar sa stadichoan besykje se har dêr mei alderhanne dingen te bemuoien dy't har neat oangeane. Meidoggers fan 'e Fryske Wikipedy kinne sels wol bepale wat se yn in ynfoboks sette wolle.
Noch ôfsjoen dêrfan binne de gegevens fan Wikidata gebrekkich en selektyf, en komt op dizze manier bygelyks by in biografy wol yn 'e ynfoboks te stean wa't de persoan yn kwestje as frou, bern, âlden, bruorren en susters ensfh. hat (wat folle better yn 'e tekst stean kin), mar net wat de etnisiteit fan 'e oangeande persoan is. Soks is fansels de healwizens te'n top. Fierders kin der yn ynfoboksen dy't taspitst binne op in beskaat wurkmêd datoangeande folle detailleardere ynformaasje werjûn wurde, lykas it brûkte medium fan in keunstner of it ûnderdiel fan in sport dêr't in sporter him yn spesjalisearre hat, om mar ris wat te neamen. Ferlykje oars ris it ferskil by de skilder Frans Decker tusken jo ynfoboks en en de ynfoboks dy't ik dêr spesjaal foar dit doel tafoege haw.
Wat jo juster dien hawwe mei ynfoboksen op it mêd fan talen, troch de ISO-koades nei Wikidata oer te heveljen, hat bygelyks by talen as it Ponka en it Omaha dy koades ûnsichtber makke, om't dy tegearre ien ISO-koade diele. Ik haw dêrom de boel weromset (mei behâld fan 'e troch jo tafoege dingen, lykas ISO-5 en ISO-6 by de ynfoboks fan taalfamyljes), en ik freegje jo hjirby freonlik om op te hâlden mei jo tafoeging fan Wikidata-keppelings oan besteande ynfoboksen, dêr't jo it spul minder mei meitsje ynstee fan better. Ofslutend moat ik tajaan dat jo ynfoboks der no better útsjocht as earst, mar wêr't ik echt in probleem mei haw is it idee efter jo ynfoboksen. Jo meie jo ynfoboksen brûke, dêr kin ik neat tsjin ynbringe, want soks stiet eltse meidogger fan 'e Wikipedy frij. Mar it idee dat alle ynfoboksen oanstjoerd en ynfolle wurde fanút Wikidata fyn ik echt folslein ûnbesteanber, en as it oait wier safier komt, dan wit ik net oft ik noch wol fierder oan it Wikipedy-projekt meidwaan wol. Groetnis, Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2016, 16.28 (CEST)[beäntwurdzje]
It is net myn bedoeling om drekt alle besteande infoboksen te ferfange mei myn nije infoboks, ik stel allinne foar om stadichoan mear Wikidata-gegevens te brûken yn alle infoboksen wannear dit mooglik is en gjin fermindering jout yn de gegevenskwaliteit.
Ik ha krekt twa oare wizigingen tapast op it berjocht foar talen en taalfamyljes. Wat tink do oer dizze kompromisfoarmen?
Mei freonlike groetnis,
Robin van der Vliet (oerlis) (bydragen) 4 sep 2016, 17.52 (CEST).[beäntwurdzje]

Okee, ik moast even útpuzelje wat jo dien hawwe, mar as ik it goed begryp, dan wurdt no by de ISO-koades de ynformaasje fan Wikidata allinnich mar tafoege as der net handmatig al sokke koades yn 'e ynfoboks set binne? Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2016, 19.31 (CEST)[beäntwurdzje]

Korrekt. Sjoch dit foarbyld. Robin van der Vliet (oerlis) (bydragen) 4 sep 2016, 19.40 (CEST)[beäntwurdzje]
Okee, nou, dat is my bêst. Salang't de mooglikheid mar bestean bliuwt om hânmjittich dingen oan te passen (en net allinnich no even, mar foargoed). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2016, 21.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw ek wol wat betinkingen by Wikidata. Kinne wy hjir sjen wannear't Wikidata ús siden feroaret, krekt as mei Commons? It kin ús tiid besparje ienfâldige rinnende saken oan te passen, mar data kin mar al te gau subjektyf wêze, wat Ieneach fan 'e Esk seit. --PiefPafPier (oerlis) 4 sep 2016, 19.56 (CEST)[beäntwurdzje]

Ik haw hjir ris wat djipper oer neitocht. Eventueel soe ik ek foar biografyen en oare ynfoboksen mei dit systeem ynstimme kinne, mar allinnich mar as de skriuwer fan it artikel (en letter redakteurs) de mooglikheid behâlde om alle lemma's yn 'e ynfoboks hânmjittich oan te passen. Behalven foar de detailleardere beskriuwing fan it ûnderwerp en eventueel subjektive tafoegings dy't bygelyks mei it Frysk of mei oanbesibbe artikels fan 'e Fryske Wikipedy te krijen hawwe, is sa'n hânmjittige bewurking yn elts gefal ek meastal nedich foar de foto. As ik even Zamenhof as foarbyld nimme mei, dan tink ik dat iderien it mei my iens wêze sil, dat dy foto sa te grut is. De ynfoboks is 250px, mar dizze foto kin mei 180px of uterlik 200px maklik ta. Soks kin net fanút Wikidata oanstjoerd wurde, om't se dêr allinnich de namme fan 'e foto fêstlizze en net it formaat en sa. Ek fyn ik dat de skriuwer/redakteur derfoar kieze kinne moat om in oare foto ta te foegjen as hy/sy dy moaier fynt of om in oare reden leaver hat. Boppedat meitsje wy hjir yn 'e Fryske Wikipedy in ridlik soad gebrûk fan ôfbyldings mei copyright, dy't hielendal net op Wikidata steane. Dat is bygelyks it gefal mei guon foto's út it argyf fan Tresoar of dy't troch trêden beskikber steld binne, en ek by de omslaggen fan 'e boeken fan Utjouwerij Elikser (sjoch galery dêre), dêr't we formeel tastimming foar krigen hawwe om se op 'e Fryske Wikipedy te brûken (mar net om se te dielen mei Commons). Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 4 sep 2016, 21.09 (CEST)[beäntwurdzje]

Mear oer Wikidata-keppelings

[boarne bewurkje]

Goeie, Van de Vliet. Nei oanlieding fan jo oanpassing fan it Berjocht:Universele ynfoboks film soe ik graach sjen dat de datum fan 'e premiêre ek wer trochlinkt nei de betreffende datum, krekt as by de berte- en stjerdata by biografyen. (Ik haw sels ris nei de Module:Wikidata sjoen, mar it koe likegoed yn it Sineesk skreaun wêze: ik kin der gjin tou oan fêstknoopje.) Is it fierders ek mooglik dat jo by biografyen by it lemma geslacht "man" en "frou" trochlinke nei man (sekse) (mar dan uteraard as man) en frou, want dy siden hawwe wy wol. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 14 sep 2016, 12.35 (CEST)[beäntwurdzje]

Dien. De wurden "man" en "frou" syn beide no oanklikber. Sorry dat it sa lang duorre. Robin van der Vliet (oerlis) (bydragen) 30 sep 2016, 17.50 (CEST)[beäntwurdzje]