Frans Decker
Appearance
| Frans Decker | ||
| François Decker | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Frans Decker | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 17 maart 1684 | |
| berteplak | Haarlim (Noard-Hollân) | |
| stoarn | 28 novimber 1751 | |
| stjerplak | Haarlim (Noard-Hollân) | |
| etnisiteit | ||
| wurkpaad | ||
| wurksum as | Keunstskilder | |
| perioade | 18e iuw | |
| streaming | naturalisme | |
| medium | oaljeferve op doek | |
| jierren aktyf | ±1700 – 1751 | |
| offisjele webside | ||
| n.f.t. | ||
Frans Decker (Haarlim, 17 maart 1684 - dêre, 28 novimber 1751) wie in 18e iuwsk Nederlânsk keunstskilder.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Decker wie in tige fertsjinstlik skilder waans wurk yn hast alle kolleksjes te finen is.[1] Hy wie in learling fan Romeyn De Hooghe en fan Bartholomeus Engels.[1][2] Hy skildere lânskippen yn in naturalistyske styl, dy't tinken dogge oan it wurk fan Jacob fan Ruisdael, mar perfoast gjin ymitaasjes binne.[1] Hy rûn der ek út as makker fan karikatueren.[1]
Hy wie lid fan it Sint Lukasgilde yn Haarlim fan 1706 oant sy dea.[2] Decker syn learlingen wiene Cornelis van den Berg, Tako Hajo Jelgersma en Cornelis van Noorde.[2] Jelgersma makke in gravuere mei syn portret.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Portret fan de reginten fan it Proveniershûs yn Haarlim
- Regintessen fan it St. Elisabet Gasthûs
- Piter Teyler
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Frans Decker fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
