Springe nei ynhâld

Meidogger oerlis:Klaasgroen

Page contents not supported in other languages.
Ut Wikipedy


Wolkom by Wikipedy, de Fryske ferzje fan Wikipedia. Ynformaasje op de Wikipedy is frij en fergees te brûken. Foar jo gemak stiet boppenoan de side - rjochtsboppe of lofts - in sykfunksje. Jo kinne ek Google brûke om op de Wikipedy te sykjen.

De Wikipedy jout gjin garânsjes foar de krektens fan de ynformaasje dy't jo fine, omdat elts frij is om ynformaasje ta te foegjen en te feroarjen. As jo sels kennis op hokfoar mêd dan ek diele wolle mei oare Friezen, dan kinne jo dy hjir spuie! Fragen en opmerkings kinne jo kwyt op de oerlisside. De Fryske Wikipedy hat op it stuit 54.440 siden.

Help mei oan Wikipedy. Hoe? Klik hjir!


Minorisearre taal

[boarne bewurkje]

Goeie. Jo hawwe it artikel minorisearre taal oanmakke. It is moai om der wer in meidogger by te hawwen. Der sitte noch al wat heakken en eagen oan 'e tekst sa't jo dy oanlevere hawwe, kwa stavering en ek wurdkar (bgl. "ynheems" is gjin Frysk wurd en "gebrûk in beskaafde taal" kin net, mei't "gebrûk" yn it Frysk inkeld in haadwurd is mei de betsjutting "it brûken" of "de gewoante". Jo brûke it hjir as tiidwurd en dan stiet der nea "ge-" foar. Mar dat binne allegearre dingen dêr't oare meidoggers jo wol by helpe kinne. Wat jo wol even sels oplosse moatte, is dat it noate-apparaat nearne nei liket. Fan 'e alve referinsjes yn jo artikel wurkje der fiif net goed. Jo kinne net fan ús ferwachtsje dat wy de de juste noaten by jo stik sykje. Dit moat al oars. It ienfâldichste kinne jo de noaten gewoan even yn dizze foarm sette: <ref>Skriuwer-efternamme, Skriuwer-foarnamme, Titel fan it wurk, plak fan útjefte, jier fan útjefte, (útjouwerij), s. sidenûmers.</ref>. Ieneach fan 'e Esk (oerlis) 2 okt 2024, 00.17 (CEST)[beäntwurdzje]

Goeie! ik ha hjir noch in soad te learen sjoch ik wol mar goed dat der tafersjoch is. It wurket hjir blykber krekt wat oars as yn de Hollânske Wiki. Dêr haw ik nearne noch gedoente hân mei de boarnen. Ik sil der ris nei sjen. Klaasgroen (oerlis) 2 okt 2024, 11.46 (CEST)[beäntwurdzje]
@Klaasgroen, goeie, ja eltse wikipedy hat syn eigen systeem. De maklikste manier fan taheakjen fan boarnen is sa't Ieneach hjirboppe oanjout, mar dêr besteane ek Berjocht:Cite web, Berjocht:Cite book, Berjocht:Cite magazine en Berjocht:Cite news. As jo op dizze linken klikke, dêr stiet yn oanjûn hoe't jo dy berjochten taheakje kinne. Jo brûke dan it gaadlike berjocht foar de boarne. Bygelyks as jo in weblink oanhelje wolle, brûke jo cite web, as jo in boek oanhelkje wolle brûke jo cite book, ensfth. Gr. Kneppelfreed (oerlis) 2 okt 2024, 19.49 (CEST)[beäntwurdzje]