Springe nei ynhâld

Mauritiustsjerke (Drylts)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Mauritsiustsjerke (Drylts))
Mauritiustsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Drylts
adres Iegrêft 48
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1827-1830
boustyl Eklektisisme
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 39860
offisjele webside
Side Protestanske gemeente Drylts

De Mauritiustsjerke is de eardere herfoarme tsjerke en tsjintwurdige PKN-tsjerke fan Drylts.

Foargonger fan de hjoeddeiske tsjerke wie in oarspronklik katolike tsjerke út de 14e iuw, dy't by it Sint-Marijekleaster fan de Karmeliten hearde en op it plak fan it tsjintwurdige tsjerkhôf oan de Galamagrêft stie. De tsjerke, in trijeskepich gebou mei in sealtektoer en in treptuorke yn de hoeke fan de noarder sydbeuk, datearre nei alle gedachten krekt lykas it kleaster út de 14e iuw. Op 5 july 1572 waard it oanbuorjende kleaster troch de wettergeuzen ferneatige, mar de tsjerke bleau stean.

Oan it begjin fan de 19e iuw rekke de tsjerke in brekfallige tastân en waard besletten ta ôfbraak en ferfanging troch nijbou healwei de Iegrêft. Op dy lokaasje lei nei de ôfbraak fan de Hettingastins yn de 17e iuw de eardere komerk. It plak fan de âlde tsjerke waard oanlein as tsjerkhôf en de earste sarken dy't dêr kamen te lizzen wiene ôfkomstich út de flier fan de ôfbrutsen tsjerke en lizze dêr noch jimmeroan. Op it hôf wurde noch regelmjittich stiennen en dielen fan de fûneminten fan de âlde tsjerke werom fûn.[1]

De nijbou oan de Iegrêft waard boud troch Simon Hendriks Broersma út Drylts neffens in ûntwerp fan de Snitser arsjitekt J. Ankringa. De tsjerke waard boud as in ienskepich gebou mei in trijesidich koer, mar yn 1868 folge in fergrutting mei in súdlike transept, dat de namme it "nije ein" krige.

Yn 2000 waard in tsjerke fan binnen en fan bûten restaurearre. De fúzje fan de herfoarme gemeente mei de grifformearde gemeente yn 2005 liede ta de sluting fan de grifformearde tsjerke. Sûnt is de Mauritiustsjerke de tsjerke fan de protestanske gemeente fan Drylts.

Oargel

Ut de âlde tsjerke binne de preekstoel (1672) mei it 17e iuwske doophek ôfkomsstich. In ponkjehâlder njonken de preekstoel draacht as opskrift Gedenckt den armen 1647. In boerd mei de nammen fan alle dûmny's fan de gemeente wurdt al sûnt 1875 byholden. It ynterieur fan de tsjerke krige by de lêste restauraasje yn 2000 in nije beskildering en in nij bankenplan. In diel fan de banken binne modern.

Under de oargelgalerij hinget in boerd mei de Tsien Geboaden út 1603 of 1604. It boerd is tagelyk in epitaaf foar Bonne Pieters, dy't sawol yn de katolike tiid as nei de reformaasje boargemaster fan Drylts west hat.[2]

Twa klokken út 1542 en 1700 út de let-midsiuwske tsjerke krigen wer in plak yn de klokkestoel fan de nije tsjerke. De âldste klok, wijd oan Kristus de Redder en yn Kampen getten troch Geart fan Wou en Johan ter Stege, waard yn de Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere en letter skansearre weromfûn. Tsjintwurdich hat de âlde klok in plakje op in stiennen sokkel op de hoeke fan de Stedsleane en de Wilhelminastrjitte.[3] De klok fan 1700 waard getten troch Petrus Overney.[4]

It oargel yn de tsjerke waard yn de jierren 1832-1834 boud achter in nij front troch de bruorren Van Dam út Ljouwert. It ferfong doedestiids in âlder ynstrumint fan de bruorren Arnold en Tobias Bader út Ljouwert By de bou makke Van Dam gebrûk fan besteand piipwurk, diels noch fan it Bader-oargel[5]. It ynstrumint rekke by in brân yn 1855 skansearre en waard dêrnei restaurearre. Bakker & Timmenga restaurearre it oargel yn 2015 foar it lêst.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ynformaasjeboerd by it tsjerkhôf fan Drylts
  2. Stifting Alde Fryske Tsjerken, Keppelstok 60, juny 2000
  3. Traces of War, oproppen 06.06.2018
  4. Monumenten in Nederland. Fryslân(2000), Sabine Broekhoven, side 176
  5. Frysk Deiblêd, 07.06.2002