Stedsleanetsjerke
Stedsleanetsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Drylts | |
adres | Stedsleane 10 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1911 | |
arsjitekt | Ane Nauta | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 460749 | |
offisjele webside | ||
Side Stedsleanetsjerke |
De Stedsleanetsjerke of de Grifformearde tsjerke waard yn 1911 boud foar de grifformearde gemeente fan Drylts. Op 21 septimber 2008 waard der foar it lêst in wyklikse tsjinst holden.[1]. Yn dat jier is de tsjerke troch de PKN oerdroegen oan de Stifting Behâld Stedsleanetsjerke en hat njonken in kulturele ek noch wolris in religieuze funksje. De tsjerke is in ryksmonumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De earste tsjerke foar de doe noch Nederdútsk-grifformearde gemeente waard yn 1888-1889 oan de Popmawâl boud. Dat gebou waard yn de jierren 1910-1911 ferfongen troch nijbou neffens in ûntwerp fan Ane Nauta. De op 365 houten peallen fundearre tsjerke waard boud yn de styl fan it rasjonalisme.[2] en op 1 febrewaris 1911 yn gebrûk nommen.
Ut tankberens dat Nederlân foar de Earste Wrâldkriich sparre bleau, joech Jarich Jans Nooitgedagt yn 1923 in liedklok oan de tsjerke. Dy klok waard yn de Twadde Wrâldkriich omraand. Syn omkesizzer Jan A. Nooitgedagt liet yn 1949 de klok ferfange, no út tankberens foar it behâlden thúskommen fan de Dryltster militêren út Ynje. De klok waard getten troch Van Bergen út Heiligerlee.
De tsjerke is yn 1977 útwreide en yn 1992 modernisearre. De namme Stedsleanetsjerke datearret út de tiid dat de grifformearden mei de herfoarmen it Samen-op-Weg-proses oangyngen.
Yn it ramt fan de fúzje fan de grifformearde mei de herfoarme gemeente fan Drylts foel yn maaie 2005 it beslút om de grifformearde tsjerke op te jaan en de (eardere herfoarme) Mauritiustsjerke tenei as tsjerke fan de protestanske gemeente oan te hâlden. De grifformearde tsjerke waard yn 2008 foar it lêst troch de grifformearde gemeente brûkt foar de wyklikse tsjinsten en dêrnei oerdroegen oan de yn 2007 oprjochte Stifting Behâld Stedsleanetsjerke. Dy stifting hat as doel it gebou foar Drylts te behâlden. De tsjerke wurdt eksploitearre foar kulturele eveneminten en biedt romte oan ferienings. Ek wurde der út en troch noch wol tsjerke-, rou en troutsjinsten holden.[3]
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fanwegen it oargel mei haadwurk en ûnderposityf is de tsjerke in ryksmonumint. Willem fan Gruisen hat it ynstrumint yn 1836 boud foar de herfoarme tsjerke fan Jutryp. Doe't Bakker & Timmenga yn 1911 in nij oargel foar de herfoarme tsjerke fan Jutryp boude, naam de grifformearde tsjerke it Fan Gruisen-oargel oer. Yn 1984 waard it ynstrumint troch Bakker & Timmenga restaurearre. It oargel bleau nei it wikseljen fan eigner yn de tsjerke.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|