Springe nei ynhâld

Martinus Baljee

Ut Wikipedy

Jacobus Martinus Baljee (Ljouwert, 9 septimber 1752 - Tandjoeng West, 18 febrewaris 1823) wie in Ljouwerter weesjonge dy't ryk waard yn Nederlânsk-Ynje.

Nei de dea fan syn âlden yn 1762, waard hy opnomd yn it nije steds-weeshûs yn Ljouwert. Dêr en letter yn Amsterdam beoefene hy de genêskunde en kaam op 19 maart 1774 ôf as twadde sjirurgyn yn tsjinst fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy yn Batavia. Nei meardere hege rangen beklaaid te hawwen, naam hy yn 1786 ûntslach út tsjinst en kocht foar ƒ 216.000 in grut lângoed. Dêrnei hie Baljee ferskillende boargerlike betrekkings, ûnder oare boargemaster fan Batavia yn tsjinst fan it lân en waard yn 1802 beneamd ta ekstra ordinêr Ried fan Ynje. Yn 1808 nom hy ûntslach en bleau oant syn dea amtleas boarger. Meidat syn houlik mei Maria Magdalena de Kienne, dy't yn 1815 ferstoar, sûder bern bleaun wie, fermakke er, út tank foar de oplieding dy't er krige hie, in bedrach fan ƒ 190.000 oan it weeshûs fan syn jonkheid yn Ljouwert.
Hy wie befreone mei Jacobus van der Steege.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nij Nederlânsk Biografysk Wurdboek (NNBW), Baljee, Martinus