Springe nei ynhâld

Marten Hepkes Bakker

Ut Wikipedy
Marten Bakker

Marten Hepkes Bakker (Langwar, 23 maart 1848 - Huzum, 25 jannewaris 1927) wie in kastlein en bakker dy't ek mei de Fryske skriuwerij pielde. Hy die teffens mei oan it winterjûnenocht.

Bakker kaam út in frijsinnich-protestanske bakkers- en timmermanshúshâlding yn Langwar. Hy wie boaske oan Trijntje Hayes Sipma. Hy wie oant 1879 kastlein. Dêrnei wie er bakker op ferskate plakken en yn 1898 stie er regisrearre as fabryksarbeider yn Huzum, by it kartonfabryk oan de Potmarge. Hy skreau foardrachten en folkspoëzy mei in sosjale ynslach. Der binne sa'n 200 ferzen fan him bekend út de perioade 1877-1925. Syn wurk hat skaaimerken fan it 19e iuwsk naturalisme, mar is ek lyrysk en al rjochte op it uterjen fan in persoanlik fielen.

Bakker syn krityske hâlding en wurk foar maatskippij en tsjerke oer brocht him yn 1885 oant 1888 yn konflikt mei de dûmnys yn De Hommerts en Langwar. Yn dy jierren om de Doleânsje hinne wie der in soad te dwaan oer it leauwe.

Bakker stoar yn Huzum en kaam dêr ek te hôf. Syn ferstjerren krige ek omtinken bûten Fryslân. Bygelyks it Algemeen Dagblad makke it buorkundich.

Op syn grêfstien yn Huzum stiet:

Wy scille as blommen forwylje,
wy stouwe de blombedden nei,
fordwine foar allemans eagen,
op 't tsjerkhof der wirde wy wei.[1]

Hoewol't er yn syn tiid ien fan de meast lêzen Fryske dichters wie is der oer him en syn wurk hast neat werom te finen yn blomlêzingen en de Fryske skriftkennisse. Dat hat te krijen mei de opkomst fan Jongfryske Beweging fan Douwe Kalma en konsorten yn 1915 en harren ynfloed, dy't folslein oare opfettings oer Fryske literatuer hiene as Bakker. Bakker wie gjin Frysk beweger, nasjonalist en estetikus, mar bekroade him yn it foarste plak om it sosjale libben en it minskwêzen en hie as ideaal in ienfâldich libben op it plattelân.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Histoarysk Sintrum Ljouwert

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bakker, Marten Hepkes.