Marten Hamkes

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Marten Hamkes (Arnoud van Halen)

Marten Hamkes, ek: Martinus Hamconius of Marten Hamckema (Follegea, ±1550 - 1620 wie in skiedskriuwer.

Hamkes hie earst in ûndergeskikte funksje by de belestingen en waard yn 1574 substitút fan de grytman fan Lemsterlân. Hy wie roomsk en keningsgesind en kaam ta hege amten, mar waard foar 1620 trijeris troch steatsgesinden ferdreaun. Marten Hamkes waard band omdat hy Spaansk gesind wie. By syn weromkommen akseptearre hy it amt fan [[dykgreve fan Sânwâlden.

Neidat Erasmus fan Douma yn 1580 finzen nomd wie en in rekwest oan it hof dien hie neidat syn gritenij him ûntnadere wie, wie op 7 maart fan dat jier Tiete fan Hettinga as ferfanger beneamd. Mar doe't dy koarte tiid letter sneuvele, nei alle gedachten al op 31 oktober fan dat jier, waard Fan Hettinga opfolge troch Marten Hankema. Yn 1581 waard Tsjalke Meijnes as syn opfolger beneamd. Hankema hâlde him ta by de Spanjerts en wie oanwêzich by it gefjocht by Grijpskerk, dêr't Sonoy en Norrits de slach wûnen tsjin Rennenberg. Fierders wie hy by de belegering en oerjefte fan Stienwyk, Grins, Lingen en Doetichem. Ek rêde hy himsels swimmendewei út Starum, doe't de Steatsken dy stêd ynnommen. n en ferstoar koart foar it jier 1620. Wyls lei er him ta op de skiednis fan syn heitelân en hâlde syn striid fol mei de pinne (Certamen Catholicorum cum Calvinistis, Múnster 1607). Yn syn wurken, dy't oanslute by syn apokrife skiedskriuwing, falle de monargaal-katolike ynslach en de folkloristyske trekjes op.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Verthoninghe der Coninghen, Bisschoppen, Princen, Potentaten, Heeren ende Graven van Vrieslant, met de gedenckweerdichtsche saecken van haer, zoo buiten als binnen ’s lants gedaen van aanbegin tot den jare MDCXVII (Frjentsjer, 1617 en letter opnomd yn De Vrije Fries, 1844)
  • Acrosticha de expeditione Joannis Casimiri adversus Ernestum etc.”
  • Calendarium, heroico carmine, ad morem Cisiojani veteris
  • Carmen gratulatorium ad R. D. Gellium Ilstanum etc.
  • Certamen Catholicorum cum Calvinistis, heroico carmine, continuo charactere c. conscriptum etc. (1607, 2de printinge 1612)
  • Frisia seu de viris robusque Frisiae illustribus (Monasterii Westph. 1609, Frjentsjer 1620 mei in foarwurd fan Albertus van Oostenrijk en mei foarwurd fan Pier Winsemius oan de Steaten fan Fryslân. (werprintinge Amsterdam 1623)

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Hamconius, Martinus
  • Ensie.nl